FNP Fryslân
Ferkiezingen - Provinsjale Steaten 2011

Annigje Toering nije listlûker FNP

Johannes Kramer kandidaat-deputearre

 A Toering FNP  

Annigje Toering út Mantgum is de nije kandidaat-listlûker fan de FNP foar de steateferkiezings fan maart 2011. Dat hat it haadbestjoer fan de partij besletten. Johannes kramer is kandidaat-deputearre. Yn novimber yn de algemiene ledegearkomste fan de FNP moatte de leden har noch útsprekke oer de kandidatelist.

 

Reaksje? 

 

Nynke Beetstra, foarsitter FNP, 06-50471910

Annigje Toering, 06-51247182 of toering@sis.fryslan.nl

 

 

 

Mei Toering kiest de FNP foar in betroubere politika mei in soad ûnderfining en in sterke frou. Toering sit sûnt 2003 yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân, is fise foarsitter fan de FNP fraksje en is op dit stuit ek twadde foarsitter fan de Steaten en dêrmei de earste ferfanger fan de Kommissaris fan de Keninginne. Yn de Steaten falt hja foaral op troch har binende en praktyske politike ynstelling en as in sprekker dy't yngewikkelde saken werom bringe kin ta de kearn. Underwiisadviseur Toering sjocht har wichtige politike posysje as tsjinstber oan Fryslân.

 

Oant no ta wie Johannes Kramer it gesicht fan de partij. As de FNP in deputearre leveret, dan is Kramer kandidaat.

 

Hendrik ten Hoeve fan Stiens is op 'e nij de FNP-kandidaat foar de Earste Keamer. FNP'er Ten Hoeve sit al sûnt 2003 yn de senaat foar de OSF. 

 

De konsept-kandidatelist fan de FNP lit neist Toering en Kramer in pear bekende, mar ek in stikmannich nije nammen sjen. It bestjoer stelt dat hjirmei in goed lykwicht tusken fernijing en ûnderfining berikt wurdt. De earste tsien plakken:.

 

1. Annigje Toering, Mantgum

2. Johannes Kramer, Sibrandabuorren

3. Anna Martha van der Mei, Tsjom

4. Sybren Posthumus, Reduzum

5. Jan Visser, Waaksens

6. Evert Wilstra, Bakkefean

7. Liskje Flapper, Burchwert

8. Rikus Sinnema, Berltsum

9. Auke Bijlsma, Terherne

10. Jannes van der Velde, De Rottefalle

 

 

Taheakke:

FNP advyslist Steateferkiezings 2011

 

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling