FNP Fryslân
Ferkiezingen - Gemeenterieden 2018

Hearrenfean: Earste 10 gemeenteriedsferkiezingen 2018

Ate Eijer fan Jobbegea is foar de tredde kear troch de leden fan de ôfdieling Hearrenfean unanym keazen as listlûker fan de FNP Hearrenfean foar de gemeenteriedsferkiezingen fan maart 2018.

De FNP hat no trije sitten yn de ried mar giet foar 5 sitten yn de nije ried, dy't útwreide wurdt fan 29 nei 31 sitten.  "Dêrmei hearre wy by de grutste partijen yn de ried en kinne we oanspraak meitsje op in plak yn it kolleezje", tinkt Ate dy't in soad ferwachtet fan it resultaat yn maart.  "We ha de ôfrûne jierren sjen litte wêr't we foar steane. Yn de ried, mar ek by ferskate gearkomsten en op strjitte, tusken de minsken". 
De FNP giet de ferkiezingen yn mei in meardere nije minsken op de plakken 2, 3 en 4. Op 2 stiet Alette de Jong út Nijbrêge, op it tredde plak Erik de Swart út De Knipe en op it fierde plak Gosse Spiekhout fan it Hearrenfean.  Erik de Swart is berne yn Limburg en wennet al in oantal jierren yn De Kniipe. Hy ferstiet it Frysk en kin it ek goed lêze. Mei de kar foar Erik op plak trije wolle we sjen litte dat de FNP yn Hearrenfean him breed opstelt. We binne net dan ek net in taalpartij mar in party dy't ticht by de bewenners stiet. We steane net allinnich klear foar de bewenners fan de doarpen mar ek foar de bewenners fan it plak It Hearrenfean. Dit docht bliken út de kandidatelist." By de earste 10 steane 5 ynwenners fan it Hearrenfean. 
 Op  4 dus Gosse en op 5 Ria Buihuizen.  Op 7 Johan Lukkes en  op 8 Wieger de Roo. Ek Gerrit Jannsen dy't op it 10 plak stiet wennet op It Hearrenfean. Fierder stean ek de sittende riedsleden Maaike Terpstra fan Jobbegea (plak 9) en Poppe Hooijsma (6) fan Mildaam by de earste 10.    ate

Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling