FNP Fryslân
Ferkiezingen - Gemeenterieden 2018

Noardeastfryslân: Salang as de wyn fan de wolken waait salang wie Dongeradiel in feit. 

As gemeenteriedslid haw ik de ôfrûne jierren útnamme fan de FNP de belangen fan jo as ynwenner  fan doarp, gea en stêd behertigje mochten. Dat haw ik graach dien. Mei inoar haw wy hiel wat ut'e wei sette kinnen. 
Foarsjenningen yn de kearndoarpen Holwert en Eanjum fia de prachtige multy funksjonele mienskipshuzen. Wat te tinken fan de kwaliteitsslach yn de beskerme doarpsgesichten ! Mar ek yn Dokkum is der mear en mear each foar de kwaliteit fan de wenomjouwing. De binnenstêd wurdt mei de dei kreazer en útnûgjender. Doarpsbelangen en ek wykbestjoeren bin derby de skeakel ta ferbining tusken jo en my. De hiele regio hat in kwaliteitsslach belibbe en de prachtich yn it lânskip oanleine Sintrale As jout ús regio in pracht kâns en betsjut dûbele ferbining.


Ferbining der draaide en draait it om. De ferbining dy't jo lein hawwe om it my útnamme fan de FNP mooglik te meitsjen om as riedslid funksjonearje te kinnen fielt goed. Dy selde ferbining hat der foar soarge dat wy mei inoar ús regio op'e kaart setten hawwe. Wy haw slaggen meitsje kinnen foar ús regio. Ferbining en ôfstimming yn regioferbân koe en kin it net sûnder.  Ek net no't wy yn grutter ferbân as Noardeast - Fryslân fierder gean.  Wy libje
net op in bestjoerlik eilân mar meitsje diel út fan in grutter gehiel wêryn de ferbining de skeakel is nei de takomst.
 
Wie it earst gauris tillefoan en of e-maile, persoanlik efkes delkomme en op lokaasje sjen wat der spile dat joech de echte ferbining dêr't it omdraaide. Ek yn'e  takomst sil dat sa bliuwe. Samar op'e dyk, ûnderweis in praatsje, in fraach en of in opmerking. Hjoed de dei komt de ferbining ek troch tweets, facebook, instagram en alle moderne sosjale media . Mar de echte ferbining is fan minske ta minske. Krekt dat kontakt , dat persoanlike
kontakt makke it funksjonearjen as folksfertsjintwurdiger dat ik my as in fisk yn it wetter fielde.
 
Fansels haw ik útnamme fan de FNP yn teamferbân it grutte algemien belang fan jo as yndividu, as ynwenner as bedriuwslibben foar eagen hâlden. Derby ek wolris in misse slach makke. Mar hoe faak haw wy net de ferbining lein! Ferbining tusken bestjoerders en organisaasjes. Ferbining fan minske ta minske. Ik haw deryn in skeakel wêze mochten. Wiis bin ik ek  dat wy in finansjeel sûne gemeente ynbringe yn de nije gemeente Noardeast-Fryslân. Wiis bin ik mei jo fertrouwen, jo stipe. Ik haw graach jo riedslid west yn Dongeradiel!

Ynwenners fan  Dongeradiel , tige tige tank foar jo betrouwen. Sa lang as de wyn fan de
wolken waait salang hâlde wy elkoar yn't sicht.  Lit dy wyn waaien bliuwe ! 
Mei freonlike groetnis,
lolke Folkertsma
@ltfolkertsma


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling