FNP Fryslân
Ferkiezingen - Gemeenterieden 2018

List FNP Smellingerlân gearstald

Ek de ledegearkomste fan de FNP Smellingerlân hat de list foar de kommende riedsferkiezings 2018 gearstald. Sittend riedslid Durk Oosterhof wurdt opnij listlûker.

Durk Oosterhof, biologysk boer op It Súd, krige op 22 novimber wer it betrouwen fan de leden en waard oanwiisd as listlûker. Op nûmer twa is kommen Wietze Lap, rekreaasjeûndernimmer op'e Rottefalle en earder riedslid foar GrienLinks. Beide binne ek wurksum yn it middelber beropsûnderwiis. It tredde plak wurdt ynnommen troch in nijkommer, sosjaal wittenskipster Kim Tsai, ek fan de Rottefalle.

It nije program set yn op in maatskippijfyzje dêr't ek de net op jild te setten ekonomyske faktoaren (miljeu, geastlik wolwêzen, ensafierder) tige yn meiwoegen wurde.


Oanhingsel(s):
Durk Oosterhof


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling