FNP Fryslân
Ferkiezingen - Gemeenterieden 2018

Noardeastfryslân: Bert Koonstra nije listlûker FNP Noardeast-Fryslân

Op de ledegearkomst fan freed 13 july l.l. is Bert Koonstra ( Sweagerbosk) troch de leden keazen as nije listlûker foar de kommende gemeenteriedsferkiezings.

Bert Koonstra is op dit stuit riedslid yn Kollumerlân c.a. Mei Bert Koonstra hat de FNP keazen foar in jonge enerzjike listlûker. Bert:" It is foar my in grutte ear om de list foar de FNP oan te fieren. No't wy ien grutte gemeente wurde steane wy foar flinke útdagings. De FNP stiet foar soarch foar minske, natoer en de romte. En dêr wol ik my de kommende 4 jier mei hert en siel foar ynsette".


As nûmer 2 is keazen Fedde Breeuwsma, Breeuwsma draait al hiel wat jierren mei en hat in grutte kundskip op it Sosjaal Domein, as nûmer 3 is keazen Lisette Akkerman dy't har paadsje skjin fage hat yn Ferwerderadiel.
De FNP hat keazen foar in miks fan jong , âld, man,  frou  en fernijing en is dêr tige goed yn slagge, sa steane der by de earste 12 : Jaap Postema op 4, Lolke Folkertsma (5), Hanneke Jouta(6), Tineke Bosgraaf (7), Pytsje de Graaf (8),  Harm Kamstra (9),  Frâns Boersma(10), Ykje van der Wal(11) en Marco Kramer(12).


Bert Koonstra is tige ynnommen mei dizze ploech. ‘In sterke ploech, mei in soad kennis en se steane allegear midden yn de Mienskip'.  



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling