FNP Fryslân
Ferkiezingen - Gemeenterieden 2018

Tytsjerksteradiel: Ferkiezingen 2018!

Der is al hiel wat bart en regele foar de gemeenteriedsferkiezingen 2018!

Twa sneonen binne de earste sân fan de list (de FNP hat ek sân kearnwearden!) troch de gemeente west om foto's te meitsjen. Alle dagen komt der op facebook (https://www.facebook.com/fnptytsjerksteradiel/) in berjocht. Der binne boerden delset, de gemeentlike oanplakboerden binne fersjoen fan affysjes en alle wykeinen wurdt der foldere yn de winkelsintra.

 

Der binne útstjoeringen west foar RTV Kanaal30 en dêr komme noch mear fan. En dan fansels alle debatten; foar RTV Kanaal30, yn de sportkantine fan de fuotballerij yn Burgum, yn It Maskelyn oer de enerzjy en dan noch it "grutte" debat yn Glinstra State op moandei 19 maart. It grutte ferkiezings-item is dochs wol de bou fan 300 oant 500 huzen yn de Warren oan de westkant fan de sintrale as by Burgum. Neffens de FNP is dat perfoarst net nedich omdat der noch plenty plak is oan de eastkant, de doarpskant fan Burgum. Foaral ek it gegeven dat de bou fan sa'n robúste útwreiding ten koste giet fan de mooglikheden om te bouwen yn alle oare doarpen.

 

De struibrieven steane hjirûnder en it program is ek op dizze side te finen.

 

 

FNP folder 2018 Tytsjerksteradiel 

 

FNP flyer 2018 Tytsjerksteradiel 

 

FNP program 2018-2022 Tytsjerksteradiel 

 

FNP advertinsje 2018 Kanaal 30 V2 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling