FNP Fryslân
Ferkiezingen - Gemeenterieden 2018
05-04-2018 - Tytsjerksteradiel: Riedsleden ynsward
Op tongerdei 29 maart waarden de nij keazen riedsleden ynsward. Dat barde yn hiel Nederlân dêr't ferkiezingen west hawwe.

26-03-2018 - Achtkarspelen:

Jo winne yn it leven en ferlieze somtiden ek. Mar wy binne net ferslein.

Wy binne ûndanks it ferlies noch hieltyd wol de twadde partij fan Achtkarspelen.

Eltsenien tige tank foar de stimmen en stipe.

Wy sille ek de kommende 4 jier foar jo yn't spier. Achtkarspelen en Fryslân Boppe.



25-03-2018 - Tytsjerksteradiel: Utslaggen ferkiezingen 2018
Definitive útslach gemeenteriedsferkiezingen 2018

23-03-2018 - Dantumadiel: Ferry van der Ploeg yn de ried
De ienige sit dy't de partij by de gemeenteriedsferkiezing fan 21 maart yn de ried behelle hat, sil ynnaam wurde troch Ferry van der Ploeg.

19-03-2018 - Achtkarspelen: Der falt wat te kiezen



13-03-2018 - Dantumadiel: #Grutsk! op Dantumadiel


12-03-2018 - Tytsjerksteradiel: Ferkiezingen 2018!
Der is al hiel wat bart en regele foar de gemeenteriedsferkiezingen 2018!

08-03-2018 - FNP spot 2018 online en op TV

Der is in sintrale FNP spot makke by de riedsferkiezingen 21 maart 2018 

 

Klik hjir foar de FNP spot op Facebook

 

Klik hjir foar de FNP spot op Twitter



08-03-2018 - Dantumadiel: Ferkiezingsprogram 2018-2022 op hiemside
It ferkiezingsprogram foar 2018-2002 stiet op de hiemside.

24-02-2018 - Opsterlân: list en program 2018
De FNP is gjin filiaal fan Haachske partijen en kin dêrom yn alle frijheid opkomme foar de belangen fan de eigen gemeente. De FNP is lykwols op federale wize yn De Haach fertsjinwurdige yn de OSF (Onafhankelijke Senaats Fractie) en yn Europa yn de EFA (Europeeske Frije Alliânsje). Der moat goed sjoen wurde nei hokker oerheid it bêste hokker taak útfiere kin. De FNP wol útgean fan de eigen krêft fan Opsterlân en Fryslân.

23-02-2018 - Smellingerlân: Ferkiezingsprogramma 2018
Gemeentebelied kin net los sjoen wurde fan it belied fan oare oerheden, yn Ljouwert, De Haach, mar ek yn Brussel. Dochs is it in goede polityk dat in gemeentebestjoer safolle mooglik besiket om ta in belied te kommen, basearre op eigen ôfwagings.

09-02-2018 - Defryskemarren: Program 2018
Ús program foar de ferkiezings fan 21 maart stiet no op de webside.

28-01-2018 - Hearrenfean: FNP wol yn kolleezje Hearrenfean
Artikel Groot Heerenveen

18-01-2018 - Defryskemarren: FNP Fryske Marren giet troch mei deselfde ploech
De FNP yn De Fryske Marren giet mei deselfde riedsploech de ferkiezings yn. "It is goed sa’t it is, der is gjin reden wat te feroarjen’’, seit foarsitter Wouter Wouda.

16-01-2018 - Achtkarspelen: Werkgelegenheid/Milieu/ Leefbaarheid/ Natuur en Zorg op maat in onze gemeenschap.


15-01-2018 - Tytsjerksteradiel: Fotosessy
Omdat der dochs wol fotomateriaal wêze moat foar de ferkiezingskampanje binne de earste sân kandidaten op paad west.

13-01-2018 - Dantumadiel: Emke Peterson listlûker FNP
Emke Peterson is op'e nij de earste man foar de FNP yn Dantumadiel. Dat is unanym besletten op de algemiene ledegearkomste fan de FNP ôfdieling fan de gemeente Dantumadiel.

23-12-2017 - Hearrenfean: Earste 10 gemeenteriedsferkiezingen 2018
Ate Eijer fan Jobbegea is foar de tredde kear troch de leden fan de ôfdieling Hearrenfean unanym keazen as listlûker fan de FNP Hearrenfean foar de gemeenteriedsferkiezingen fan maart 2018.

18-12-2017 - Dantumadiel: Algemiene Ledegearkomste 11 jannewaris 2018
Tongersdei 11 jannewaris hâlde wy de algemiene ledegearkomste fan ús ôfdieling yn De Krúswei yn Damwâld. Oanfang 20.00 oere.

14-12-2017 - Achtkarspelen: FNP yn Achtkarspelen hat in nije listlûker
Tjibbe Brinkman fan Twizel is de nije listlûker fan de FNP Achtkarspelen

13-12-2017 - Tytsjerksteradiel: De FNP Tytsjerksteradiel Facebook site fernijd!
De FNP facebook site is fernijd en sil faker brûkt wurde.

10-12-2017 - Tytsjerksteradiel: Noch minder as 100 dagen......
It duorret noch minder as 100 dagen nei de gemeenteriedsferkiezingen fan 21 maart 2018 ta!

30-11-2017 - List FNP Smellingerlân gearstald
Ek de ledegearkomste fan de FNP Smellingerlân hat de list foar de kommende riedsferkiezings 2018 gearstald. Sittend riedslid Durk Oosterhof wurdt opnij listlûker.

22-10-2017 - Achtkarspelen: SAMMELLIST FERKIEZINGS 2018

Hjirby de nammen sa't dy neamd binne troch sa'n 38 leden fan de FNP Achtkarspelen.



01-10-2017 - Tytsjerksteradiel: Nije listlûker en list bekend
Freedtejûn - 29 septimber 2017 - hawwe de leden fan de FNP-ôfdieling Tytsjerksteradiel - yn in algemiene ledegearkomste yn It Maskelyn yn Hurdegaryp - ûndersteande kandidatelist foar de gemeenteriedsferkiezingen fan woansdei 21 maart 2018 fêststeld.






FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling