FNP Fryslân
Ferkiezingen - Gemeenterieden 2017

FNP Waadhoeke hellet aksjepunten op

Lykas wenst wie de FNP (dizze kear mei de riedsleden fan Frjentsjerteradiel en Menameradiel) tegearre mei de Frije Bilkerts, wer de hiele dei oanwêzich op de Agraryskje Dagen yn Frjentsjer om mei it publyk te praten oer saken dy’t har dwaande hâldt.

Wy wolle ek bûten ferkiezingstiid witte wat der libbet en wat men fynt fan de lokale polityk. De FNP docht it ommers foar jo. Kontakt mei de ynwenners is it besteansrjocht fan de lokale polityk. Dit jier wienen ek ús fraksjegenoaten út Menameradiel en de kollega’s út it Bildt fan de partij, we wurde ommers al hiel gau in nije grutte gemeente Waadhoeke.

De dei levere in protte nijsgjirrige, leuke, ferklearjende, ynformearjende, bysûndere, prachtige, ferhelderjende petearen op mei ynwenners fan Frjentsjerteradiel, bern, minsken fan omlizzende gemeenten, toeristen út binnen en bûtenlân en nije Waadhoekers.

 

FNP op e merke 2016
FNP Waadhoeke AD Franeker
FNP Agrarische Dagen 2016 Utkomst Stelling FNP AD Franeker

 

De gebrûklike stimming oer ûnderwerpen levere in protte ynsicht op oer wat de minsken fan Waadhoeke ferwachtsje. Men hopet dat de kosten omleech geane, mar leaut dêr faak net yn. Men freget om (folle) bettere rolstoeltagonklikheid, mear fasiliteiten foar de wettersporters no't Waddenpoort foarm krijt en men wol oandacht foar it lânskip en dêr faak oan keppele; de megastâlen. Wat ek dúdlik nei foaren kaam is dat men foarsjennings graach yn stân hâlde wol en dat der oandacht foar de doarpen wêze moat. Benammen minsken út de gemeenten it Bildt en Menameradiel sjogge dochs wol in protte rjochting Frjentsjer gean. Mar soms ek gewoan oandacht foar praktyske saken as in bredere brêge, of fytspaad, of oerlêst troch wurksumheden. Alle sammele ynformaasje nimme wy mei en sille we ferwurkje yn ús ferkiezingsprogramma foar 2017. Want takom jier komme we al wer om jo stim te freegjen,

Prate mei minsken oer de lokale polityk is de rol fan de lokale politisy. Lit fernimme dat we as politisy midden yn de mienskip stean, dat wy lústerje nei minsken en der ek wat mei dogge. Mar wy lizze ek út wat we wol en wat we net dogge of wolle. De FNP is helder en leit út dat net alles kin sa as it yndividu it ha wol. De FNP is gjin populistyske partij, wy pakke dingen oan. De FNP docht it foar jo!

 

Ha jo ús net sprutsen en wolle jo dochs noch wat kwyt? Nim dan gewoan kontakt mei ús op!

 

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling