FNP Fryslân
Ferkiezingen - Gemeenterieden 2017

Jan Dijkstra listlûker FNP Waadhoeke

By de earste FNP Waadhoeke gearkomste, wêr’t ek de leden fan de Frije Bilkerts by wienen, is Jan Dijkstra (Hitsum) keazen ta listlûker foar de weryndielingsferkiezings op 22 novimber 2017. Dijkstra sit no 12 jier foar de FNP yn de gemeenteried fan Frjentsjerteradiel wêrfan 8 jier as fraksjefoarsitter.

De listlûker wol útgean fan eigen krêft; "Mei ús eigen memmetalen, it Frysk en it Bildts. Der is mar ien partij dy't dat yn de genen hat, yn kombinaasje mei noed foar ús gea en ynwenners." Lykas bekend hat Dykstra duorsumens heech yn it findel en is hy in grut foarstanner fan enerzjykoöperaasjes. "We moatte mei elkoar troch de tiid en gjin minsken útslute. De FNP biedt dit allegear, los fan Haachske belangen!"
Nei 12 jier wie it yn earsten de bedoeling fan Dijkstra om plak te meitsjen foar nije minsken. Dat is demokrasy. Mar in nije gemeente hat erfaring nedich, in ferbiner, immen midden yn de mienskip. Dijkstra: "Ik wol noch ien kear knalle, foar de FNP!"


De folsleine list wurdt letter bekend, der binne ôfspraken makke oer de sprieding fan de kandidaten oer de hiele nije gemeente Waadhoeke. It stribjen is út alle doarpen, buertskippen en de stêd immen op de list te krijen. Deselde jûn hawwe de program- en propagandakommisje harren plannen taljochte. Ien fan de saken dy't al gau helder wie, wie de te brûken gjalp: FNP Ferbynt!     



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling