FNP Fryslân
Ferkiezingen - Gemeenterieden 2017

Waadhoeke: FNP Waadhoeke ferbynt

Foar it gemeentebestjoer binne de doarpsbelangen en streek- en/of wykbestjoeren it earste oansprekpunt. Sy hawwe in koördinearjende rol yn har buert of doarp.
Dêrneist wolle wy as FNP de ynwenners útdaagje en romte jaan om mei nije inisjativen oan de slach te gean.
De macht oer de oerheid is fan it folk.


As FNP binne wy in mienskipspartij. Foar it behâld fan de solidariteit moat begryp en respekt fan wjerskanten tusken earm en ryk, jong en âld, sûn en siik behâlden en fersterke wurde, dat nimmen oan de kant komt te stean.

 

Op dit stuit binne wy as FNP drok dwaande om ús program foar de kommende 4 jier yn de aanst nije gemeente  Waadhoeke op te stellen.

 

De Frije Bilkerts út 'e gemeente 't Bildt doen ok met in de nije FNP Waadhoeke. Tegaar stane wy sterker.

 

Wy fine it tige belangryk dat safolle mooglik boargers mei prate kinne oer de politike fraachstikken en doelen. Dat kin wat makliker as Jo lid binne/wurde fan ús partij. 

Troch dyn stim op de ledegearkomste hearre te litten, hasto streekrjocht ynfloed op it belied fan de FNP. No ús gemeente mei yngong fan 1 jannewaris 2018 grutter wurdt, is it opsetten fan in goed netwurk oer de hiele gemeente tige wichtich om optimaal brûk te meitsjen fan de kennis en kunde fan út de mienskip. Wy komme dan ek graach yn de kunde mei minsken, dy 't as oansprekpunt fungearje wolle foar ús partij. It soe moai wêze as Jo dan lid wurde, mar is net in betingst. In goed netwurk om te witten wat der libbet ûnder de befolking is tige wichtich om as partij funksjonearje te kinnen. 

 

As jo belangstelling hawwe dan kinne jo kontakt opnimme mei Sietze de Haan (0629 078090), Johannes Rozenga 06-50401856 , Anna Martha van der Mei (06-29080771)

 

Webside FNP Waadhoeke: waadhoeke.fnp.frl

 

Twitter: https://twitter.com/FNPWaadhoeke

 

Facebook: https://www.facebook.com/FNPWaadhoeke/



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling