FNP Fryslân
Ferkiezingen - Gemeenterieden 2017

Waadhoeke: FNP waarboarget Biltske taal en kultuer

De FNP wol soargje mei in taal- en kultuer-nota foar de nije gemeente Waadhoeke dat de Biltske taal en kultuer, it “Bildts Aigene”, waarboarget wurdt. Dat is aktueel no de gemeente It Bilt opgean sil yn in nije gemeente. Om sjen te litten dat de FNP it Biltsk serieus nimt, binne de FNP-riedsleden, fan Frjentsjerteradiel en Menameradiel, de ôfrûne winter op Biltske les west. Dat hat fertuten dien, sy prate al aardich Biltsk.

De Frije Bilkerts en de FNP hawwe in FNP-fraksje foarme "FNP-Waadhoeke" foar de aanst nije gemeente Waadhoeke. Kandidaat-riedsleden fan de FNP praten foarige wike woansdei yn it kantoar fan "Bildts Aigene", dat mei it Biltsk Dokumintaasjesintrum fêstige is yn de biblioteek yn Sint Anna, mei koördinator Hetty de Wit. Dit persoanlike kontakt mei FNP-listlûkker Jan Dijkstra, Leendert Ferwerda, twadde op 'e FNP-list en Ben Bruinsma waard tige op priis steld. Sa koe ynformaasje gelyk oer en wer útwiksele wurde.

 

De gemeente It Bilt subsidiearret it "Bildts Aigene" jierliks mei € 20.000,-- wêrfan ek de koördinator betelle wurdt. De gemeente It Bilt sjocht graach dat "Bildts Aigene" ek nije subsydzje-boarnen fine sil rjochting 2020. Yn 2018 moat de nije ried fan 'e gemeente Waadhoeke in beslut nimme oer it trochsetten fan subsydzje yn 2019 en de dêrop folgjende jierren. Jan Dijkstra sei dat "Bildts Aigene" op de FNP rekkenje kin om dy eigenheid yn taal en kultuer yn de nije gemeente finansjeel te waarboargjen.

 

De FNP wol, neist it Frysk, it brûken fan it Biltsk en it Frjentsjerter behâlde en fersterkje. Belangryk neamde Dijkstra de bining mei it taal-ûnderwiis op 'e basisskoallen, wêr prachtich lesmateriaal foar ûntwikkele is troch de kommisje "Meartalichheid op it Bilt". Wichtich is ek dat yn 't fuortset ûnderwiis dy meartalichheid in plak kriget.

Bildts Aigene 1
Bildts Aigene 2
   

 

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling