FNP Fryslân
Ferkiezingen - Gemeenterieden 2017

Ljouwert: Parseberjocht ferkiezingsprogram FNP Ljouwert

It ferkiezingsprogram foar de gemeenteriedferkiezings fan 22 novimber 2017 fan de FNP Ljouwert is fêststeld. Yn dit parseberjocht stean spearpunten út it program.

Parseberjocht 24 maaie 2017

 

FNP Ljouwert: Lytse skoallen behâlde en hûnebelesting ôfskaffe

De FNP-Ljouwert hat it ferkiezingsprogram fêststeld. Trije fan de meast opfallende punten binne dat de hûnebelesting yn Ljouwert folslein ôfskaft wurdt, dat mei fernijende en kreative maatregels de wurkgelegenheid stimulearre wurdt en dat de lytse skoallen yn de doarpen beholden wurde moatte.

 

Belestings

De FNP-Ljouwert wol dat de hûnebelesting ôfskaft wurdt om't it in tige achterhelle belesting is en yn de omlizzende gemeenten ek al net mear bestiet. Dêrneist wol de partij maksimaal ynflaasjekorreksje op de oare gemeentlike belestings (OZB, rioel en ôffalstoffeheffing). De FNP wol net dat de toeristebelesting opnij ynfierd wurdt en gjin parkearjild yn de doarpen.

 

Wurkgelegenheid

De FNP wol alles op alles sette om minsken oan it wurk te krijen. Bygelyks fia de mooglikheid fan belestingfrije sônes yn Fryslân, lykas yn guon oare regio's fan Europa. Sa kin de wurkgelegenheid stimulearre wurde en de krimp op it plattelân tsjingien wurde. Mear foech foar de provinsje sil ekstra banen generearje, sa hat wittenskiplik ûndersyk by oare regio's oantoand. En in eksperimint mei in basisynkommen kin der foar soargje dat wurkleazen aktivearre wurde om sels wurk te finen dat by harren past.

 

Lytse skoallen

De FNP wol dat goed (kwalitatyf) ûnderwiis foar elkenien beskikber én berikber is. Dêrta sille gemeente en skoalkoepels harren maksimaal ynsette moatte om lytse skoallen (yn lytse kearnen) iepen te hâlden.

Doarpen en wiken: leefberens behâlde en mear selsbestjoer

De FNP wol de leefberens en bedriuwichheid yn de doarpen fan de nij te foarmjen gemeente Ljouwert safolle mooglik behâlde. No't de gemeente sa grut wurdt is it saak om ticht by de boarger foarsjennings te hawwen lykas doarpshuzen, breedbân ynternet, iepenbier ferfier en sportfjilden. Fierder wol de FNP dat doarpen en wiken mear mooglikheden krije om sels har saken te regeljen (selsbestjoer) mei eigen budzjetten.

 

Ta beslút is it hiel wichtich dat der wurke wurdt oan it herstel fan fertrouwen tusken gemeente en ynwenners. Dêrom moat it fertrouwen werom wûn wurde mei nije foarmen fan demokrasy. Jou de gemeente werom oan de ynwenners!

 

 

Foar mear ynformaasje oer dit berjocht kin kontakt opnommen wurde mei programkommisjelid Auke Kleefstra, tel. 06-50972593



Oanhingsel(s):
Ferkiezingsprogram 2018-2022 FNP Ljouwert


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling