FNP Fryslân
Ferkiezingen - Gemeenterieden 2017
02-06-2017 - Ljouwert: Parseberjocht kandidatenlist FNP Ljouwert
OP 31 maaie is troch de Algemiene Lede Gearkomste fan de FNP Louwert, Ljouwerteradiel en Littenseradiel-Noard de kandidatelist foar de ferkiezings fan 22 novimber 2017 troch stimming fêststeld. Der wiene 86 leden op dizze gearkomste in Hotel Duhoux yn Wurdum.

25-05-2017 - Ljouwert: Parseberjocht ferkiezingsprogram FNP Ljouwert
It ferkiezingsprogram foar de gemeenteriedferkiezings fan 22 novimber 2017 fan de FNP Ljouwert is fêststeld. Yn dit parseberjocht stean spearpunten út it program.

15-05-2017 - Frjentsjerteradiel: Ofslúting FNP ôfdieling Frjentsjerteradiel
Op 10 maaie hat de lêste gearkomste fan FNP Frjentsjerteradiel west. We hawwe as bestjoer, fraksje en leden mei inoar werom sjoen yn de tiid. Sintraal dêrby stie dat elts him sa thús fielde, de noflike sfear en de iepenheid wêrmei’t ek ferskillen fan miening besprutsen wurde koenen. Der waard dan ek de hoop útsprutsen dat we dit trochsette sille yn de nije ôfdieling FNP Waadhoeke.

26-04-2017 - Waadhoeke: Tsjûchskriften kursus Bildts foar niet-Biltdstaligen útrikt oan riedsleden
Woansdei 25 april '17 binne op de jiergearkomste fan de Stichting Ons Bildt tsjûchskriften útrikt oan de riedsleden fan de FNP Frjentsjerteradiel en FNP Menameradiel.

20-04-2017 - Waadhoeke: FNP Waadhoeke ferbynt
Foar it gemeentebestjoer binne de doarpsbelangen en streek- en/of wykbestjoeren it earste oansprekpunt. Sy hawwe in koördinearjende rol yn har buert of doarp.
Dêrneist wolle wy as FNP de ynwenners útdaagje en romte jaan om mei nije inisjativen oan de slach te gean.
De macht oer de oerheid is fan it folk.

12-02-2017 - Jan Dijkstra listlûker FNP Waadhoeke
By de earste FNP Waadhoeke gearkomste, wêr’t ek de leden fan de Frije Bilkerts by wienen, is Jan Dijkstra (Hitsum) keazen ta listlûker foar de weryndielingsferkiezings op 22 novimber 2017. Dijkstra sit no 12 jier foar de FNP yn de gemeenteried fan Frjentsjerteradiel wêrfan 8 jier as fraksjefoarsitter.

20-09-2016 - FNP Waadhoeke hellet aksjepunten op
Lykas wenst wie de FNP (dizze kear mei de riedsleden fan Frjentsjerteradiel en Menameradiel) tegearre mei de Frije Bilkerts, wer de hiele dei oanwêzich op de Agraryskje Dagen yn Frjentsjer om mei it publyk te praten oer saken dy’t har dwaande hâldt.






FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling