FNP Fryslân
Ferkiezingen - Gemeenterieden 2014

Frjentsjerteradiel: Haadstik: Taal en kultuer - Ferkiezingsprogramma 2014

Taal en kultuer binne bij útstek dragers fan de eigen identiteit fan de Fryske mienskip. De measte ynwenners fan ús gemeente brûke de Fryske taal, de gemeente slút him dêrby oan en stimulearret it brûken dêrfan. Ek fanút toeristysk eachpunt binne taal en kultuer tige wichtich.

De FNP sjocht Frjentsjer as kultureel- en toeristysk sintrum fan ús gemeente.

Stêd en doarpen binne ryk oan kultuer en kultuerfoarsjennings. De FNP wol mei in yntegrale wurkwize hjir in ekonomyske pylder fan meitsje. De Fryske taal moat dêryn in belangryke rol spylje.

 

It brûken fan de Fryske taal en de útwurking dêrfan moatte fêstlein wurde yn in taalnota.

 

Kultuer en keunstbeoefening befoarderje de kreativiteit en soargje foar fersteviging fan it mienskipsgefoel. Us gemeente moat wêr't dat mooglik is, oansluting by it Kulturele Haadstêdbarren stimulearje.

 

De FNP wol it brede kultueroanbod fêstlizze; fan amateurkeunst oant profesjoneel teater en fan kultuerûnderwiis oant keunst yn de iepenbiere romte.  Leechdrompelige tagong foar elts is tige wichtich.

 

In gemeente en stêd fan ús omfang hat in eigen selsstannich teater nedich. De gemeente moat De Koornbeurs hjirby stypje fanwege de brede maatskiplike rol dy't it hat en hawwe kin.

 

By in âlde histoaryske stêd lykas Frjentsjer heart in gemeentlik monumintebelied; foar it behâld fan âlde gebouwen en parken, mar ek struktueren en lânskipseleminten yn it bûtengebied.
FNPDochtItFoarJo10A
FNPDochtItFoarJo10B

Pompebled

 

FNPunten

  • Der moat in taalnota komme dêr't it Frysk in fanselssprekkend en foaroansteand plak yn krijt. Us gemeente moat it Frysk yntern en ekstern as har nammekaartsje brûke.
  • Us gemeente fertsjinnet in gemeentlike kultuernota. Kulturele foarsjennings moatte finansjeel stipe wurde, ek nije inisjativen lykas it keatsmuseum.
  • Der moat gemeentlik monumintebelied opsteld wurde.

It hiele programma stiet hjir. En jo kinne it ek as PDF delhelje.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling