FNP Fryslân
Ferkiezingen - Gemeenterieden 2014

Frjentsjerteradiel: Haadstik: Finânsjes - Ferkiezingsprogramma 2014

De gemeente heart hoeden om te springen mei it jild fan de boargers. Der moat in ferantwurde en sûn finansjeel belied fierd wurde. Dêrby sil it útgangspunt wêze moatte dat de lesten foar de boargers leech bliuwe. As it heal kin giet ek de ûnreplikgoedbelesting net omheech.

In slutende begrutting sûnder dat de boargers derfoar de rekken betelje stiet by de FNP foarop. De amtlike organisaasje moat doelmjittich wêze en it ynhieren fan eksterne saakkundigen moat ta in minimum beheind wurde.

 

De FNP fynt dat reserves en foarsjennings net heger wêze meie as nedich is om de slimste risiko's op te fangen. It oppotsjen fan jild mei gjin doel op himsels wurde.  De gemeente mei gjin grutte risiko's nimme mei grutte projekten.

 

De FNP kiest net foar mear asfalt of djoere ynfrastruktuer mar foar saken dy't it libben mearwearde bringe.

Waadfuns lyts

Pompebled

 

FNPunten

  • De FNP sil net gau besunigje op saken dy't it libben oangenaam meitsje lykas goede soarch, kulturele foarsjennings en sport.
  • It gemeentlik ynkeapbelied moat profesjonalisearre wurde en aktiver kânsen jaan oan lokale en regionale bedriuwslibben.
  • It doarpsfisyfûns moat op peil bliuwe foar it útfieren fan de fyzjes.
  • De FNP fynt it ynvestearjen yn relatyf goedkeape inisjativen út de mienskip wichtich.
  • Ynstellings dy't gjin winsteachmerk ha, falle net ûnder de "verordening reclamebelasting Franekeradeel 2011".

It hiele programma stiet hjir. En jo kinne it ek as PDF delhelje.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling