FNP Fryslân
Ferkiezingen - Gemeenterieden 2014

Dongeradiel: Kieze foar minsken en net foar asfalt en beton

Der bart in soad op dit stuit op it mêd fan de soarch. It Ryk hevelt ferantwurdlikheden op it mêd fan jeugdsoarch, minima en âldereinsoarch oer nei de gemeenten

Dêr is ek neat mis mei, mar ûnder it mom fan desintralisaasje fynt der in grutte koarting op de budzjetten plak . Hoe heech dy koartings binne is noch net alhiel bekend mar it leit tusken de 20 en 50 %. De gemeenten kriget dus mear taken mar moat it foar minder jild útfiere. Neffens it Ryk kin dat troch effisjinter te wurkjen. Is dat sa?


Minder budzjet mar mear soarch nedich


Nederlân fergrizet en Dongeradiel fersulveret.  It tal âlderen wurdt grutter en se wurde ek âlder mei mear kâns op sykten en dêrtroch dogge se faker in berop op de sûnensoarch. No is dat noch goed regele yn Nederlân. Wy hawwe Thússoarch, der binne fersoargings- en ferpleechhuzen. Dat is no sa regele mar dat sil feroarje. Yn de Thússoarch wurdt al flink besunige en de fersoargingshuzen sille ophâlde te bestean.


Hoe moatte we dan foar de sike minsken soargje?


Yn Den Haach is men fan miening dat wy wer mear foar elkoar soargje moatte. Foar wa't dat echt net kin of allinnich op de wrâld stiet komt der in beheind fangnet. Dêrfoar is it wurd: Partisipaasjemaatskippij op ‘e nij útfûn. Yn it Westen libbet men faak  njonken elkoar sûnder ek mar om elkoar te tinken, mar hjir yn Dongeradiel is it al de gewoanste saak fan de wrâld dat men elkoar helpt as dat nedich is. Frijwilligerswurk mar ek buorlju dy't helpe komt hjir in soad foar en famylje tinkt wol om heit of mem. As it echt net mear kin giet de âldere nei in fersoargings-of ferpleechhûs.


Wat is dan it probleem?


Nettsjinsteande de goede soarch dy't hjir al goedkeaper is sille wy de koartings op de budzjetten ek fiele. En dêrmei komt de soarch dus noch mear op de skouders fan famylje en frijwilligers te lizzen.


Wat wol de FNP hjir oan dwaan!


Bytiden kin der echt wol effisjinter wurke wurde. En wy kinne fansels ek gebrûk meitsje fan minsken dy't no in útkearing krije om de thússoarch te fersterkjen. De burokrasy op gemeentehuzen moat ta in minimum beheind wurde.


Troch de nije regelingen wurdt der hieltyd faker in berop dien op de frijwilligers en it tal frijwilligers nimt ek ôf. Frijwilligerswurk kin ek in stimulâns wêze nei regulier wurk. Dêrom sille minsken dy't foar in útkearing yn oanmerking komme harren ek ynsette kinne foar de maatskippij. En wa't frijwilligerswurk docht mei behâld fan útkearing kin dêrfoar frijstelling krije fan sollisitaasjeplicht. Minsken binne wichtiger as asfalt en beton en de boarger sil sels ek fanwege komme moatte om't de gemeente net mear alles regelje kin. De selfredsumens fan de boarger sil fergrutte wurde moatte.


Soargen foar de takomst?


Dat net, mar wy moatte wol op ús tellen passe om it sosjale klimaat yn ús gemeente heech te hâlden. Dat kinne wy net allinnich, dêr hawwe wy de befolking by nedich. Mei-inoar de skouders derûnder. Earst sjen nei wat de boarger mei help fan buorlju en op ‘t lêst kin de gemeente byspringe. Dat sil de nije wurkwize wurde wolle wy de  soarch mei-elkoar en foarelkoar oerein hâlde.

Fedde Breeuwsma, Fraksje Foarsitter FNP Dongeradiel



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling