FNP Fryslân
Ferkiezingen - Gemeenterieden 2014

Menameradiel: Kieze foar minsken en net foar asfalt en beton

Der bart in soad op dit stuit op it mêd fan de soarch. It Ryk hevelt ferantwurdlikheden op it mêd fan jeugdsoarch, minima en âldereinsoarch oer nei de gemeenten.

Dêr is neat mis mei, mar ûnder it mom fan desintralisaasje fynt der in grutte koarting op de budzjetten plak. Hoe heech dy koartings binne is noch net alhiel bekend mar it leit tusken de 20 en 50%. De gemeenten kriget dus mear taken mar moat it foar minder jild útfiere. Neffens it Ryk kin dat troch effisjinter te wurkjen. Is dat sa?


Minder budzjet mar mear soarch nedich

Nederlân fergrizet, it tal âlderen wurdt grutter en minsken wurde ek âlder mei mear kâns op sykten en dêrtroch dogge se faker in berop op de sûnensoarch. No is dat noch goed regele yn Nederlân. Wy hawwe thússoarch, der binne fersoargings- en ferpleechhuzen. Dat is no sa regele mar dat sil feroarje. Yn de thússoarch wurdt al flink besunige en de fersoargingshuzen sille ophâlde te bestean.


Hoe moatte we dan foar de sike en behelpsume minsken soargje?


Yn Den Haach is men fan betinken dat wy wer mear foar elkoar soargje moatte. Foar wa't dat echt net kin of allinnich op de wrâld stiet komt der in beheind fangnet. Dêrfoar is it wurd: Partisipaasjemaatskippij op ‘e nij útfûn.

De soarch komt dus (noch mear) op de skouders fan famylje en frijwilligers te lizzen.


Wat wol de FNP hjir oan dwaan!

Troch de nije regelingen wurdt der hieltyd faker in berop dien op de frijwilligers. Frijwilligerswurk kin ek in stimulâns wêze nei regulier wurk. Dêrom sille minsken dy't foar in útkearing yn oanmerking komme harren ek ynsette kinne foar de maatskippij. En wa't frijwilligerswurk docht mei behâld fan útkearing kin dêrfoar frijstelling krije fan sollisitaasjeplicht. Minsken binne wichtiger as asfalt en beton en de boarger sil sels ek fanwege komme moatte om't de gemeente net mear alles regelje kin. De selsredsumens fan de boarger sil fergrutte wurde moatte.


Soargen foar de takomst?


Dat net, mar wy moatte wol op ús tellen passe om it sosjale klimaat yn ús gemeente heech te hâlden. Dat kinne wy net allinnich, dêr hawwe wy de befolking by nedich. Mei-inoar de skouders derûnder. Earst sjen nei wat de boarger mei help fan buorlju en op ‘t lêst kin de gemeente byspringe. Dat sil de nije wurkwize wurde wolle wy de soarch mei-elkoar en foarelkoar oerein hâlde.

 

[Mei tank oan Fedde Breeuwsma FNP Dongeradiel]



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling