FNP Fryslân
Ferkiezingen - Gemeenterieden 2014

Smellingerlân: Durk Oosterhof, Saapke Voolstra en Wietze Lap

'Kommende fjouwer jier polityk bedriuwe op ynhâld'

Durk Oosterhof pasfoto   

De FNP leden hawwe Durk Oosterhof op 'e nij keazen ta listlûker foar de kommende gemeenteriedsferkiezingen. Saapke Voolstra, âld foarsitter fan de FNP Jongerein, stiet op nûmer twa. Wietze Lap út de Rottefalle stiet op nûmer trije.

It doel foar de kommende ferkiezings is in tredde sit. "Wy wolle ek de kommende fjouwer jier polityk bedriuwe op de ynhâld. It giet ús net om de macht, mar om mei inoar de gemeente better te meitsjen. Wolwêzen yn in duorsume, sosjale en feilige gemeente stiet dêrby sintraal".

 

Sijbren Sijtsma dy't op dit stuit tegearre mei Oosterhof yn de gemeenterie sit, hat oanjûn fanwege syn wurk net langer beskikber te wêzen foar it riedswurk. Hy sil him op in oare manier fertsjintlik meitsje foar de partij.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling