FNP Fryslân
Ferkiezingen - Gemeenterieden 2014

Frjentsjerteradiel: Haadstik: Romtlike oardening en folkshúsfesting - Ferkiezingsprogramma 2014

De romte en it lânskip binne kearnkwaliteiten fan ús gemeente, dêr binne wy sunich op by dei en by nacht. Wy wolle de iepen romte safolle mooglik iepen hâlde. Mei de boeren wolle wy nei wegen sykje dy’t harren romte jout, rekken hâldend mei miljeu en lânskip. Yn tiden fan krimp en krisis is it yn stêd en doarpen wichtich om yn stee fan út, yn te wreidzjen. Rottige plakken en kiezzen opromje middels werstrukturearring en doarpsfernijing, wêrtroch der wat moais foar werom komme kin en de leefberens ferbetteret.

Der hoege gjin nije bedriuwsterreinen te kommen, mar wy hawwe ferlet fan it opnij geskikt meitsjen fan âldere bedriuwsterreinen.

 

Fierder binne yn de stêd noch tal fan lokaasjes (Sjaerdemastrjitte, Molesteech, Marten Oostwoudstrjitte) om de stedsfernijing fierder foarm te jaan.

 

De beskikberens fan wennings moat oanslúte bij it ferlet. Der moat dan ek rom omtinken jûn wurde oan betelbere (hier)-huzen foar starters, âlderen en kwetsbere groepen, ferspraat oer doarpen en stêd. Bysûndere wenfoarmen moatte neffens de FNP mooglik wêze.

Op plakken dêr't winkels harren weromlûke moat in ferromming of feroaring fan de bestimming de oplossing biede. Meitsje op guon plakken it wenjen wer mooglik en soargje foar in sterke winkelkearn mei romte foar de ûndernimmer.

 

Troch de skaalfergrutting yn'e lânbou stean fariaasje yn lânskip en natoerwearden ûnder druk. Wy moatte der om tinke dat it troch de ieuwen hinne ûntstiene lânskip safolle mooglik syn âlde struktueren hâldt. Duorsume lânbou moat stimulearre wurde. De FNP sjocht yn ús gemeente gjin plak foar nije yntensive feehâlderij bedriuwen.

FNPDochtItFoarJo14A
FNPDochtItFoarJo14B

PompebledFNPunten

 

  • Der moat ynwreide wurde yn stee fan útwreide.
  • It keapjen fan in hûs troch starters moat stimulearre wurde.
  • Der moat altyd in oanpak fan "rottige kiezzen" wêze.
  • Lytsskalige foarsjennings, lykas kangaroewenten, moatte oanmoedige wurde.

It hiele programma stiet hjir. En jo kinne it ek as PDF delhelje.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling