FNP Fryslân
Ferkiezingen - Gemeenterieden 2014

Evert Wilstra nûmer 1 yn Opsterlân

Sportive listlûker foar de FNP

Kandidatelist Gemeenteriedsferkiezings 2014

 

 

 

 

1 Evert Wilstra

Bakkefean

E-post mailto:evert.wilstra@fnp.frl  


Ik bin 62 jier en manager by it Molenduinbad yn Norg en ha yn novimber 2009 Mieke Elgersma opfolge as riedslid. Dêrnjonken wurkje ik yn gearwurking mei de Provinsje en gemeente Tytsjerksteradiel oan de organisaasje fan de Fryske Olympiade, dy't yn 2013 foar it earst plakfûn hat. Yn myn jonge jierren ha ik aktyf west as fierljepper en bin ferskate kearen Frysk en Nederlânsk kampioen wurden.
Yn Bakkefean ha ik, tegearre mei myn frou, lange jierren it rekreaasjekompleks Dúndelle beheard en bin warber yn ferskate ferienings en aktiviteiten yn it doarp. 

Evert Wilstra
 

2 Janko van der Werf  

Terwispel

 

Yn 1953 bin ik berne op 'e Ulesprong (De Tynje) en sûnt 1957 wenje ik yn Terwispel. Bin trout en haw twa bern dy't de doar al út binne en haw twa pakesissers.   

Op it stuit bin ik rekkener, ferkeaper en riejouwer by in stiel konstruksjebedriuw yn Easterwalde. Dêrfoar haw ik ferskate direksjefunksjes hân yn bedriuwen (JHK De Gordyk, Houttec De Gordyk, Timboco Drachten).

Yn it doarpslibben haw ik yn ferskate ferienings sitten mar op it stuit allinnich noch de Brommerklup, wat ek ien fan myn hobby's is.

Ik bin lid wurden van de FNP om't  ik ek fan miening bin dat allinnich de FNP it mient mei Fryslan, de oare partijen stean te folle ûnder de ynfloed fan De Haach wêr se net goed witte hoe it hjir om en ta giet.   

Ik wol my dan ek graach ynsette for de leefberens yn de doarpen  sawol for jong as âld.

  Janco van der Werf

 

 

3 Jacob de Vries

Bakkefean

 

 

 

Ik bin 46 jier en wenje sûnt 2003 yn it moaie Bakkefean. Derfoar ha ik 34 jier yn Drachten wenne en bin berne yn Driesum. Op it stuit bin ik foarriebehearder by in bedriuw yn Hearrenfean. Derfoar ha ik ferskate funksjes hoan yn oare bedriuwen (lykas De Sligro yn Drachten, Van Kammen Catering yn Gytsjerk en Vrieslok BV  (no Deli XL) yn Drachten) . Ik bin trout, ha gjin bern. Yn 2009 hat Evert my frege oft ik ek wat dwaan woe foar de FNP. Hy wist dat ik my graach ynset foar de fryske taal en kultuer. Sadwaande wie it al rikke gou beslikke dat  er my safier hie om mei te dwaan op ‘e list fan de ferkiezings yn 2010.

 Op it stuit is myn grutste hobby toaniel.  Net allinnich as spiler. As karmaster gean ik nei ferskate ferienings ta om (tegearre my sa ‘n 20 kollegas) it spyljen rûnom yn ‘e provinsje te stimulearjen en sadwaande op in nivo te bringen.

  Jacob de Vries

 

 

4 Sjoerdtsje Veenstra-Paulusma

Oerterp

Sûnt desimber 1997 wenje ik yn Oerterp, dêrfoar haw ik goed 25 jier yn Drachten wenne. Ik bin troud en haw fjouwer bern dy't allegearre de doar al út binne. Fan 1990 ôf jou ik kursussen Frysk, foaral oan netfrysktaligen om it ferstean, lêzen en praten te learen mar ek skriuwkursussen. Fierders wurkje ik noch ien dei yn 'e wike as frijwillichster by it Frysk letterkundich museum en dokumintaasjesintrum yn Ljouwert.
Myn ynteresse yn de Fryske taal en kultuer wie ien fan de redenen om lid te wurden fan FNP, omdat dy partij har echt ynset foar it mear brûken fan de taal op alderhande mêd. Oare partijen sizze wol dat se dat ek dogge mar yn de praktyk komt der mar in bedroefd bytsje fan terjochte. Mar net allinne foar de Fryske taal en kultuer, ek foar saken as lytskalige bedriuwen, lânbou, in sûn miljeu en de leefberens fan it plattelân makket de FNP har sterk. Dat binne saken dy't my oansprekke yn in politike partij. Wat foar my fierders wichtich is, is hoe't wy as mienskip omgeane mei dy groepen dy't ekstra omtinken fertsjinje, lykas de âlderein, de jongerein en minsken sûnder wurk.
Ek de flechtlingeproblematyk sil yn de takomst ider kear mear fan ús omtinken freegje.

   

Sjoerdtsje Veenstra-Paulusma

 

  

5 Ed Knotter

Beetstersweach

De polityk kinne wy net sûnder. Eltsenien hat der mei te krijen. Wy wolle ommers dat der op in demokratyske wize besluten nommen wurde. As men nei de ledetallen fan politike partijen sjocht, soe men net sizze dat Nederlanners dat demokratysk prinsipe fan grut belang achtsje. Grutte politike partijen lûke dan wol in protte stimmers, mar in protte leden hawwe se net. Namste opmerkliker is it dat de FNP as relatyf lytse partij in grut tal min ofte mear aktive leden hat. Dat komt oerien mei it begjinsel fan de FNP om de ôfstân mei de kiezers sa lyts mooglik te hâlden. De belutsenens is dêrtroch tige sterk.
Wa't tinkt dat it de FNP allinnich om de Fryske taal en kultuer te rêden is, hat it mis. Alle aspekten fan it libjen yn dizze gemeente moatte omtinken krije, fan ekonomy oant ûnderwiis en fan romtelike saken oant maatskiplike saken. Yn ús ferkiezingsprogram foar de gemeente Opsterlân is yn in grut tal punten, ferdield oer ferskate ûnderwerpen in fyzje formulearre op it silen en farren fan dizze gemeente. Yn dizze tiid liket it ekonomysk sukses boppe-oan te stean. As it goed giet mei de ekonomy, komt it mei de rest ek wol goed... Yn de FNP wurdt dêr wat mear nuansearre oer tocht. Us rykdom is net allinnich yn jild út te drukken. Foarútgong op ekonomysk mêd moat net op kosten gean fan oare wearden yn 'e mienskip.
s meiwurker yn it ûnderwiis (ik bin learkrêft oan Skoalle Lyndensteyn op 'e Sweach) kin ik alle dagen fernimme, dat it ynsjoch yn kulturele wearden, by jonge minsken likegoed as by guon folwoeksenen, net sa grut is. De eigen identiteit komt yn 'e knipe as wy allinnich sjogge nei materiële belangen. Winst yn kommersjele sin, soe wolris ferlies betsjutte kinne op gâns oare mêden fan it libben. Ik bin der wis fan dat de FNP ôfdieling Opsterlân in substansjele bydrage leverje kin yn 'e diskusje oer (swakkere) groepearrings yn 'e mienskip, oer de miljeuproblematyk, oer de takomst fan de lânbou en it lânskip, oer de ferdieling fan de romte (wenningbou en rekreaasje) en oer noch folle mear dingen dy't foar ús meiinoar fan grut (polityk) belang binne.

 
Ed Knotter   
 

6 Roel Falkena

De Gordyk

 
Roel Falkena   
 

7 Sytze van de Meulen

Wynjewâld

 
Sytze van der Meulen   
 

8 Lybrich Kramer

Nij Beets

 
Lybrich Kramer   
 

9 Jan de Boer

De Gordyk

Yn 1966 bin ik op moandeitemoarn om 8 oere berne op 'e De Himrik oan de Kompagnonsfeart. Nei't ik dêr 24 jier wenne hie, mei de lannen en it boartersbosk "Spanjeburd" der om hinne, wie 'k aardich thús yn dat wrâldsje.
Doe't ik my mei myn freondinne nei wenjen sette yn de nijbou fan De Gordyk, moasten wy wol omstean leare. As wy no wat fee yn 't lân sjen wolle, moatte wy earst in ein rinne, om dat útsjoch, dêr't ik wiis mei wie, werom te finen.
Ik wurkje no al 18 jier by in leanbedriuw yn Terwispel. En as ik dan op dy jierren werom sjoch, docht bliken dat lânbou plak meitsje moast foar wennings en yndustry en fansels foar Steatsboskbehear (SBB), dy't op dy menier de natuer werombringe of ferskowe wol.
De fûgels en oare bisten wurde no nei plakken ta brocht, dêr't jo en ik net komme meie. Dêrom bin ik lid wurden fan de FNP, om't dat de partij is, dy't wier wat foar ús Fryslân docht. In partij dy't harket nei de minsken ynstee fan oarsom en dy't ek each hat foar de natuer en de lânbou, dy't wy hjir noch hawwe.

 
Jan de Boer 
 

10 Sus Wassenaar

Beetstersweach


Eins altyd dwaande west yn 'e sport. Earst as liedster fan gymnastyk ferienings en as trainster fan bern yn 'e iishal yn Ljouwert. Sels mocht ik ek graach reedride en doch dat noch op Thialf. Simmerdei pakke je sadwaande de racefyts. Oer iis en op 'e fyts ried ik alvestêdetochten en oare lange tochten û.o. 2 kear Luik/Bastenaken/Luik. Fierder mei ik graach pianospylje en rymkes meitsje en ha in boek skreaun oer myn bernejierren. Sûnt in pear jier train ik 4 ploegen minsken fan 55 jier en âlder. Dat is it saneamde Galmprojekt (Groninger Actief Leven Model). De gemeente Hearrenfean organisearret it en de minsken wurde earst keurd en ûnderwilens moatte sy ek testen ôflizze.
Wêrom ik yn 'e polityk gongen bin? Myn famylje fan heite- en memmekant wiene allegear boer en doe't steatssekretaris Geke Faber de boeren allegearre nei Kanada ha woe, tocht ik "Is it de boeren har skuld dat it hjir sa fol wurdt?" No, as jo oer soks in oare miening ha dan kinne je dêr allinne wat oan dwaan troch lid te wurden fan in politike partij. Mar dat is it net allinne. As in bern syn memmetaal net goed leart kin it ek in oare taal nea goed leare, dêrom bin ik derfoar dat der folle mear oandacht oan it Frysk op skoallen jûn wurdt. It skynt ek sa te wêzen dat, dêr't de eigen kultuer genôch omtinken kriget it mei de ekonomy fan sa'n gebied ek goed giet.

 
Sus Wassenaar   
 

11 Henry de Jong

De Himrik

 
Henry de Jong   
 

12 Klaas Renze de Boer

Lippenhuzen

Yn 1978 bin ik lid wurden fan de FNP, doe't ik yn Twizelerheide (Achtkarspelen) wenne, no ien fan de FNP-bolwurken yn Fryslân.
Myn deistich brea beskrep ik as selsstannige franchiser yn de Amerikaanske Kirby-organisaasje. Net tafallich tinkt my, want ek de ynwenners fan it bêste lân fan 'e ierde kinne net sûnder de bêste stofsûger fan 'e ierde.
Wêrom bin ik polityk aktyf yn Opsterlân en stean ik op de kandidatelist fan de FNP? Om't ik fan miening bin dat allinne de FNP it mient mei Fryslân. De oare partijen litte de earren neffens my tefolle nei De Haach hingje.
Ik stean op 'e list om't dat in earlike manier is om foar jo prinsipes út te kommen. De FNP wol opkomme foar jong en âld, wurkjend of wurkleas, allinnesteand of mei in húshâlding.
Yn ús grutte sportdoarp wolle wy ús der foar ynsette dat der in goede gymsportseal komt .
Ek yn Lippenhuzen hawwe wy dêrom ferlet fan jo stipe.
 
Klaas de Boer
 

13 Jan Nauta

De Gordyk
  

 
Jan Nauta   
 

14 Wiebe Veenstra

Oerterp
 
   
 

15 Durk Feenstra 

Nij Beets

 
   
 

16 Aukje Visser-Tilkema

Oerterp
 
 

17 Wouter de Kroon

Lippenhúzen

 
 

18 Tette Hofstra

Nij Beets

 Tette Hofstra

      

19 Andries Visser   

Beetstersweach

 

  

20 Evert van der Meer

Sigerswâld

 
 

21 Ultsje Hosper

Oerterp
  

Ultsje Hosper

  



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling