FNP Fryslân
Ferkiezingen - Gemeenterieden 2014

Menameradiel: Mei de karavan nei de doarpen op sneon 8 en 15 maart 2014

FNP Menameradiel komt nei de minsken ta

Karavanskemamaart  

Lykas altyd mei de ferkiezings, giet de FNP-karavan wer op kampanje troch de doarpen. De fraksje- en bestjoersleden en fansels de kandidaat-riedsleden sille op sneon 8 en op sneon 15 maart e.k. mei de karavan troch doarpen yn ‘e gemeente reizgje. It skema foar sneon 15 maart folget sa gau as mooglik. De karavan rydt dan fansels troch de oare doarpen yn 'e gemeente.


      *     Troch Bitgum

      *     10.00 yn Bitgummole

      *     Ôfhinklijk fan de drokte om 10.15 - 10.30 nei Ingelum.

      *     11.00 Marssum

      *     11.30 Deinum

      *     12.00 Boksum

      *     12.30 Blessum

      *     13.15 Berltsum


   

 

Om ûngefear 9.55 oere sil útein set wurde yn Bitgum, om 10.00 oere stoppet de karavan oan de J.H. van Aismawei.

De karavan rydt dêrnei om 10.15- 10.30 troch Ingelum en sil om likernôch 11.00 oere yn Marsum wêze.

Om ûngefear 11.30 stoppet de karavan yn Deinum oan de Spoarstrjitte (parkearplak).

Om ûngefear 12.00 oere sil de karavan troch Boksum gean en om 12.30 yn Blessum arrivearje

 

Om likernôch 13.15 oere is de karavan foar dizze dei wer op syn einbestimming (it parkearplak oan de Buorren).

De partijleden sille yn alle doarpen materialen útdiele.

 


De fraksjegearkomsten fan de FNP wurde alle moannen yn in oar gemeentedoarp hâlden en mei dizze kampanje jout de partij op 'e nij oan in mienskipspartij te wêzen.      
                    


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling