FNP Fryslân
Ferkiezingen - Gemeenterieden 2014

Frjentsjerteradiel: Haadstik: Folkssûnens en miljeu - Ferkiezingsprogramma 2014

De gemeente moat ambysje toane oangeande in skjin miljeu. Dat makket ús oantreklik foar ynwenners en gasten. Wy stribje nei ûnôfhinklikens fan fossile brânstoffen en in wettersysteem dat skjin, feilich en foldwaande is, sadat elts hjir sûn libje kin.

 

De gemeente hat in stimulearjende rol om it bewegen te befoarderjen. Sa ek yn de foarljochting oer de sûnens, bygelyks oer alkoholmisbrûk; in probleem fan alle leeftiden dat yn alle lagen fan de befolking foarkomt.

 

De FNP wol duorsumens en it brûken fan skjinne enerzjy stimulearje. Foaral op it mêd fan enerzjybesparring is noch in protte winst te heljen.

De FNP fynt dat solitêre wynmûnen ûnderbrocht wurde moatte yn parken mei mûnen mei mear fermogen.

 

Tefolle ferljochting yn it bûtengebiet is tige hinderlik foar minske en bist . Hjirby wurdt ek tocht oan ljochtútstjit bij de nijste stâlen, bij de glêstúnbou en op yndustryterreinen.

 FNPDochtItFoarJo13A FNPDochtItFoarJo13B

Pompebled

 

FNPunten

  • It stimulearjen fan beweging en foarljochting oer sûn libje liedt ta sûnere minsken.
  • De FNP wol it folkstúnkjen stypje.
  • It duorsum (fer)bouwen moat stimulearre wurde lykas it besparjen fan enerzjy.
  • Ljochthinder yn it bûtengebiet moat beheind wurde.
  • De FNP wol net op alle dakken en gebouwen sinnepanielen. In mienskiplike oanpak moat stimulearre wurde troch it stypjen fan gearwurking op de doarpen; meiinoar sinnepanielen ynkeapje en op de meast gaadlike plakken dellizze.
  • Der is yn dizze gemeente gjin plak foar de opslach fan ôffal yn ‘e grûn.
  • De FNP is tsjin it winnen fan (skaly)gas en sâlt ûnder lân.

It hiele programma stiet hjir. En jo kinne it ek as PDF delhelje.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling