FNP Fryslân
Ferkiezingen - Gemeenterieden 2014

Frjentsjerteradiel: Plan Súd op slot?

De Fryske Nasjonale Partij (FNP) nimt de soargen fan de bewenners fan Plan Súd tige serieus en hat de wyk sneon 8 maart mei in stevige delegaasje besocht. Neist fraksjefoarsitter Jan Dijkstra, wie ek Annigje Toering, fraksjefoarsitter/steatelid fan de provinsjale FNP oanwêzich, omt de situaasje yn Frjentsjer fansels net op himsels stiet.

 

Annigje Toering Wurkbesite Plan Sud Frjentsjer 2
Annigje Toering Wurkbesite Plan Sud Frjentsjer 4

Earder hat de FNP al fertsjinwurdichers fan "Fijn op Zuid" útnoege foar har fraksjegearkomste en harke nei harren ferhalen. De needgjalp: "We maken ons zorgen over FranekerZuid CV welke zijn afspraken niet na komt met de gemeente. Iedereen maakt zich druk over het geld. Wij als bewoners wonen al ruim 5 jaar in een bouwput" is heard!

 

Annigje Toering Wurkbesite Plan Sud Frjentsjer 1Annigje Toering sei yn in reaksje: "Wy moatte each hawwe foar de noeden fan de bewenners. De CV-zuid, gemeente en bewenners moatte meiinoar in plan betinke om dizze minsken in leefbere omjouwing te bieden, sa sa as harren earder ek foarspegele is. Mei in lytse ynvestearing kin de grutse problematyk faak al oplost wurde."

It bestjoer fan "Fijn op Zuid" hat syn wurdearring útsprutsen foar de oandacht dy't de FNP oan harren probleem jout.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling