FNP Fryslân
Ferkiezingen - Gemeenterieden 2014

Ek yn Smellingerlân in stimwizer

Inisjatyfútstel FNP oannommen yn de rie

Krekt as fjouwer jier lyn, is der ek no wer in stimwizer foar de gemeenteriedsferkiezings fan 19 maart oansteande.

 

It inisjatyfútstel fan de FNP waard yn de gearkomste fan 10 desimber troch de rie oannommen.

 

De FNP is mei it útstel kaam omdat út ûndersyk bliken docht dat by ferkiezingen dêr't ek in 'kieshelp' is lykas de stimwizer is de opkomst heger is en de minsken dy't stimme in better ynsicht hawwe yn wat der yn de polityk spilet. 

De gemeenterie hat der alle belang by dat in sa grut mooglik ta kiezers harren stim útbringt. Hoe heger de opkomst, hoe better de rie de ynwenners fan de gemeente fertsjintwurdiget. No mei de oare partijen oan de slach om in goeie stimwizer te meitsjen!

 

Klik hjir nei de Stimwizer Smellingerlân

 

 

Yn Fryslân hawwe fierder allinnich Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel in Stimwizer.

Der is net ien gemeente mei it Kieskompas. Faak om't PvdA, VVD en CDA dat net wolle.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling