FNP Fryslân
Ferkiezingen - Gemeenterieden 2014

Súdwest-Fryslân: FNP midden yn de mienskip

Flitsende kampanje webside http://www.fnp2014.nl/

De FNP skodde âldjiersdei, tegearre mei it aktive karbidteam út Drylts, alle ynwenners fan Súdwest-Fryslân mei lûde karbidknallen wekker. Dit wie tagelyk it startskot foar de kampanje foar de gemeenteried-ferkiezings 2014. It sintrale tema fan de ferkiezings is ‘FNP: Midden yn de Mienskip!'. Tagelyk mei it startskot gie de kampanjesite de loft yn en waard de kampanjeposter presintearre.

 

 

Klear mei de rol fan oppsysjepartij

FNP Súdwest-Fryslân lit witte dat hja klear binne mei de rol fan opposysjepartij. Listlûker Durk Stoker: "Mei de donderjende knallen fan it karbidkanon hoopje we de ynwenners fan Súdwest-Fryslân wekker te skodzjen om't de FNP sjocht dat harren omjouwing fertutearzet. De takomst fan foarsjennings, dy't de lêste desennia troch frijwilligers opsetten binne, sa as wyk- en doarpshuzen stiet ûnder druk. In nije gemeenteried jout nije kânsen. Kânsen om as ynwenners fan de stêden en it plattelân de lapen gear te smiten en yn oparbeidzjen te striden foar de moaiste gemeente fan Fryslân, Súdwest-Fryslân."


fnp swf
Grutste partij op 19 maart

De FNP-SWF sit fol ambysjes en wol mei de gemeenteriedsferkiezings op 19 maart as grutste partij út de stimbus komme. "Net om't wy alles better witte, mar om't wy fine dat de polityk wer werom moat nei de strjitte; nei de mienskip. Dêr sit it ferstân, de ûnderfining en dêr wenje de minsken dy't de gefolgen fan gemeentlike beslissings fiele", seit Stoker.


Rezjyrol en lokale ambassadeur

De FNP-SWF fynt dat de gemeente in krêftige rezjyrol pakke moat as it giet om ekonomy en wurk. Wat tichtby te krijen is hoege jo net fan fier te heljen. It realisearjen fan wentebou-projekten troch lokale ûndernimmers soarget foar wurk tichtby en ferheget de leefberens yn de doarpen en stêden. De FNP wol lokale en regionale bedriuwen folle mear by oanbestedingen belûke, net allinnich op papier mar ek yn de praktyk.

Oangeande wurk wol de FNP dat der, yn neifolging op de lânlik ambassadeur foar jeugdwurkleazens, in lokale ambassadeur oansteld wurdt. Dizze lokale ambassadeur moat ûnder it motto "Jo ha mar ien wurkjouwer nedich foar in goede start" jongeren oan wurk helpe. Lânlik is dit suksesfol, yn Súdwest‐Fryslân moat dit ek. De ambassadeur set him fûleindich yn om jongerein oan it wurk te krijen.


Eigen krêft

De FNP fynt dat Súdwest-Fryslân útgean moat fan har eigen krêft. Us gemeente is sa stadichoan grut genôch, as daliks de Greidhoeke fan Littenseradiel der noch by komt moat it dien wêze. Ek de mjitte fan de provinsje Fryslân is grut genôch om de regionale taken oan te kinnen, Súdwest-Fryslân hat gjin rânestêdproblematyk. In stim op de FNP is dan ek in stim op Fryslân. De FNP fynt dat wy ús "sûne ferstân brûke moatte" en net samar opleine randstedelijke regelingen fan it Ryk ien op ien trochfiere moatte. Der komt al genôch op ús ôf de kommende jierren mei it útfieren fan de Wet Maatskiplike Understeuning.

Der steane fiiftich entûsjaste kandidaten út alle wynstreken fan Súdwest-Fryslân ferkiezingslist. Mei al dizze minsken dy't stik foar stik midden yn ‘e mienskip steane is de FNP fol goede moed; de lûde knallen yn Drylts stienen dan ek symboal foar in eksplosive ferkiezingsútslach. De FNP wol út namme fan alle ynwenners fan Súdwest-Fryslân mei oan it stjoer te stean de kommende riedsperioade.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling