FNP Fryslân
Ferkiezingen - Gemeenterieden 2014

Dantumadiel: Jerrit de Bruin 1, Emke Peterson 2

Entûsjaste minsken en in soad riedsûnderfining

De FNP Dantumadiel is der yn slagge mear leden binnen te heljen en sjocht de takomst en dêrmei ek de kommende ferkiezings mei goede moed temjitte. De leden hawwe unanym Jerrit Sjoerd de Bruin út de Westereen keazen as listoanfierder foar de kommende ferkiezings. Op nûmer twa fan de list is keazen foar ús neikommer Emke Peterson út Damwâld. Beide hawwe in soad riedsûnderfining en wurde dan ek foldwaande yn steat achte de mienings en winsken fan de FNP-stimmers yn de gemeenteried nei foarren te bringen en te ferdedigjen.

De nûmers 3,4 en 5 binne Corry Ludema-van der Valk út Sibrandahûs en Martin Feddema út Feanwâlden en Sigrid Keimpema fan Feanwâlden.As listtriuwers ha Willy Wijbenga en Sake van de Bij har beskikber steld. Beide hawwe al jieren meidraaid, mar wolle no graach in stapke werom dwaan.Se binne och sa bliid, dat no nije jonge entûsjaste minsken diel útmeitsje wolle fan de FNP.


Nrs 13 en 2

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Fan links nei rjochts: Jerrit de Bruin (nr 1), Corry Ludema - van der Valk (nr 3) en Emke Peterson (nr 2).



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling