FNP Fryslân
Ferkiezingen - Gemeenterieden 2014

Fryslân: Gaswinning soarget foar ûnrêst yn Fryslân

De FNP ôfdielings Opsterlân en Hearrenfean organisearren op woansdei 5 maart in ynformaasjejûn oer gaswinning yn de provinsje Fryslân.

FNP ynformaasjejun gaswinning LangezwaagDat dêr ferlet fan wie blykte út de opkomst, sa’n 60 belangstellenden besochten de jûn yn doarpshûs It Paradyske yn Langsweagen. De ynformaasje waard jûn troch meiwurkers fan 2 gaswinningsbedriuwen, it Kanadeeske Vermilion en it Nederlânske bedriuw Tulip Oil, oprjochte troch 3 âld-meiwurkers fan Shell.

 

Sybren Posthumus, lid fan de FNP fraksje yn provinsjale steaten liet yn in presintaasje sjen wat de gefolgen fan de gaswinning foar de ynwenners betsjut en makke ek ynsichtlik hoe'n lyts persintaazje fan de gasopbringsten ten goede komt oan de wingebieten. In pear sifers út syn betooch: de gasopbringsten út de noardlike fjilden leverje op jierbasis 829 miljoen euro op, it jierbudzjet fan de provinsje is € 397 miljoen.

Vermilion is al lang aktyf yn it súdlik part fan Fryslân, Tulip Oil begjint uterlik 2015 mei it opheljen fan gas út de grûn by Donkerbroek en De Himrik. De NAM (ûnderdiel fan Shell) is aktyf yn it noarden fan de provinsje.

Vermilion ferwachtet yn har wingebiet in maksimale boaiemdelgong fan fan trije oant fjouwer sentimeter, Tulip Oil hat nei mjittingen berekkene dat de delgong yn Donkerbroek en op De Himrik maksimaal ien sentimeter wêze sil.

 

Lang net alle oanwêzigen yn de seal hiene betrouwen yn dy sifers, neffens de wurdfierders fan de bedriuwen wiene se yngreven ûndersocht mar kinne se net garandearre wurde. Mocht de delgong hurder gean as ferwachte dan wurdt opholden mei boarjen.

 

De gaswinners hawwe in wetlike ferplichting om ûnsteane skea te fergoedzjen, probleem dêrby is dat lestig oan te toanen is wat de krekte oarsaak fan de skea is. De bewiislêst leit by de ynwenners, ferskeidene fragenstellers pleiten dêrom foar in omkearing fan de bewiislêst mar neffens de wurdfierders fan de bedriuwen is dat juridysk en fersekeringstechnysk in drege saak.

De goede opkomst en de libbene diskusje, ûnder lieding fan Karst Berkenbosch, hat sjen litten dat it organisearjen fan foarljochting oer gaswinning en boaiemdelgong yn Fryslân foar de ynwenners foarsjocht yn in ferlet.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling