FNP Fryslân
Ferkiezingen - Gemeenterieden 2014

Frjentsjerteradiel: Keatsen fertsjinnet folweardich museum

Kweaslach PvdA - De PvdA wol it keatsmuseum ûnderbringe by museum Martena yn Frjentsjer. Dat is tweintich jier werom yn de tiid en docht gjin rjocht oan de ieuwenâlde keatssport en oan de keatsstêd Frjentsjer.

Sûnt 1995 fûn it keatsmuseum ûnderdak op de boppeferdjipping fan de eardere Friesland Bank yn Frjentsjer. Yn de perioade fan 1972 oant 1995 wie de skiednis fan de keatssport ûnderbrocht yn in pear sealtsjes fan museum it Coopmanshûs, mar it krige mar in bytsje omtinken. Yn de lêste tweintich jier is der troch bestjoer en frijwilligers fan it museum in protte wurk ferset,in goede kolleksje opboud en in soad tiid en enerzjy yn de dokumintaasje fan de keatssport stutsen.

 

It bestjoer fan it ûndertusken selsstannige museum (los fan de KNKB) moat in nij ûnderkommen sykje no't de nije eigner fan de Friesland Bank harren de hier opsein hat. It bestjoer liket yn dy opset te slagjen no't hja in prachtich plak oan de Foarstrjitte yn Frjentsjer fûn ha, yn it eardere bankgebou fan de ABN/AMRO. Tichtby it Sjûkelân mei de mânske PC-tuorren: "Hjir rekket de bal it hert". Yn dit pân kin de kolleksje syn gerak krije, kin der mei de nijste technieken wurke wurde, en kin net allinne de skiednis fan it Fryske spul ferteld wurde, mar ek de skiednis fan it ynternasjonale keatsen. Sa krijt Frjentsjer der in folweardige foarsjenning by en kin it har namme as keatsstêd wier meitsje. Boppedat krijt ien fan de leechsteande grutte gebouwen in nije bestemming en, troch de moai ûntwurpen foargevel fan arsjitekt Rein Hofstra, de Foarstrjitte in better oansjen

 

Keatsmuseum ABN AMRO Frjentsjer

De FNP-fraksjes yn Provinsjale Steaten en de gemeenterie fan Frjentsjerteradiel hawwe in romme mearderheid efter harren moasje krigen om ienmalich jild beskikber te stellen foar dit nije museum. De PvdA yn Provinsjale Steaten stimde fan herten yn mei dit inisjatyf - ûnbegryplik dat de PvdA yn de gemeenterie fan Frjentsjer tsjin it inisjatyf fan de FNP stimde. Noch ûnbegrypliker is dat de PvdA no mei it idee komt om it keatsmuseum wer ûnderdiel meitsje te litten fan it gemeentlik museum, dat swier subsidiearre wurdt. It keatsmuseum wurdt bestjoerd én ûnderhâlden troch frijwilligers en dat sil yn de takomst ek sa bliuwe. It binne minsken dy't it keatsen en har skiednis yn it bloed sit en mei grutte leafde dit stikje kultuer útdrage wolle. It keatsmuseum soarget sels foar de eksploitaasje en docht dus gjin berop op de grutte strukturele subsydzjebedragen, lykas de PvdA yn har parseberjocht nei foaren bringt. Mei it ienmalige jild fan provinsje, gemeente en oare fûnsen kin it pân oankocht en ynrjochte wurde.

 

Kulturele Haadstêd 2018 is noch in pear jier fuort - mar mei it ynternasjonaal bekende Planetarium, it Martemamuseum en it nije keatsmuseum is Frjentsjer dêr wol klear foar. De stêd kin in wichtige rol spylje by de ûntfangst fan alle toeristen dy't Fryslân besykje sille. Boppedat stekke  it provinsje- en gemeentebestjoer de kommende jierren terjochte nochal wat jild yn de toeristyske (wetter)ynfrastruktuer. De minsken sille graach ien of twa dagen yn Frjentsjer oanlizze, mar dan moat der wol wat te belibjen en te sjen wêze.

 

De PvdA wol werom yn de tiid, bringt it keatsmuseum wer nei it minimale nivo fan de 70'er en 80'er jierren en liket de keatsskiednis wer fuort te triuwen yn in sealtsje fan it gemeentlik museum. Gjin frijwilliger dy't him der noch om bekroadzje sil. De FNP docht leaver in stap foarút en set de finsters en doarren iepen om al it moaie dat wy te bieden hawwe - en grutsk op binne - yn de folle breedte sjen te litten.

In folweardich keatsmuseum - in boppeslach foar Frjentsjer.

 

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling