FNP Fryslân
Ferkiezingen - Gemeenterieden 2014

Achtkarspelen: FNP Achtkarspelen “iepenet” doarpshûs Koatstertille

It is inkeld te tankjen oan de FNP dy't altyd meiwurke om de plannen te realisearjen.

FNP Achtkarspelen "iepenet" doarpshûs Koatstertille

  

Foar de start fan de ferkiezingskampanje fan de FNP Achtkarspelen wie in grutte delegaasje fan de Fryske lokale partij yn Koatstertille. Want tichtby it sintrum fan dit doarp is in nij doarpshûs yn oanbou; it "" Tillehûs". Dit doarpshûs komt op it plak fan it eardere doarpshûs.

 

Fjouwer jier lyn waard de winsk fan in nijboud doarpshûs yn Koatstertille al dúdlik. FNP hie doe in boerd makke mei de tekst:"Alle wille yn in nij doarpshûs op ‘e Tille". No't it nije doarpshûs al op hichte is koe it boerd wer tefoarskyn komme en ûntbleat wurde troch listlûker FNP Marten van der Veen en Doarpsbelangfoarsitter Sake van der Meer, mei de nije tekst:"Alle wille yn it nije doarpshûs op ‘e Tille". In lyts wurdsje ferskil wat tekst oanbelanget, mar in hiel grut ferskil foar it doarp Koatstertille.

 

Foarsitster Stichting "Tillehûs", Lys Visser:"It is inkeld te tankjen oan de FNP dy't altyd meiwurke om de plannen te realisearjen, it hurde wurkjen en trochsetten fan in oantal minsken, en foaral de ynset fan Marten van der Veen, dat wy hjir, noch gjin fjouwer jier nei de ferkiezingsbelofte, byelkoar steane foar in geweldich MFA yn oanbou!

 

It nije "Tillehûs" sil ûnderdak biede oan hûsdokter, logopedy, GGD, thûssoarch en fysioterapeut. It sil in doarpshûs wêze, mar ek in jeugdhonk en in sportseal. In frij unyk Multifunksjonele Akkommodaasje.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling