FNP Fryslân
Ferkiezingen - Gemeenterieden 2014

Fryslân: FNP wurkbesite Weststellingwerf Natuurlijk

Bestjoerskrêft fan ûnderen op yn de doarpen

 

De Steatefraksje hat op 22 febrewaris mei Weststellingwerf Natuurlijk nei Blesdike en Boyl ta west.  It wie tagelyk de kampanjestart fan de nije lokale partij.

 

Listlûker Sippe Bron sei dat der in soad programmatyske oerienkomsten mei de FNP binne. Benammen it wurkjen ‘fan ûnderen op' liket ûnderskiedend fan de tradisjonele partijen yn de gemeente. Bron ferwachtet oars ek dat de gearwurking mei de FNP organisatoaryske foardielen hat: ‘der is  in stabile partij-organisaasje dêr't jo foar kaderfoarming en sa op bouwe kinne; dat is oars as by lokale partijen dy't mar op inkele minsken werom falle kinne'.

 

Wurkbesite Weststellingwerf 22 feb 2014 003 
Fergaderlokaasje yn de tsjerke fan Blesdike 
 

Yn Blesdike gong it petear mei doarpsbelang benammen oer it swiere lânbouferkear dat troch de streek moat, en oer de winsk ta in eigen doarpshûs. Salang't it âlde doarpskafee dêr net foar beskikber komt, is men foar gearkomsten op  it âlde tsjerkje oanwiisd. Net ideaal, want net geskikt foar ‘feesten en partijen'.  In grut multifunksjoneel sintrum in pear doarpen fierderop fynt Blesdike mei syn hechte lokale mienskip te djoer, te ‘profesjoneel' en te min binend.

 

 

Wurkbesite Weststellingwerf 22 feb 2014 019 
Foar it nagelnije doarpshûs yn Boyl 

 

It doarpsbelang fan Boyl liet sjen dat der in hiel soad bestjoerskrêft en organisaasjefermogen yn it doarp sels sit. Doarpshûs De Tille is dêr krekt hielendal mei eigen frijwilligers ferboud. It is benammen de organisaasjefoarm mei ferskate saakkundige wurkgroepen dy't yn it each springt.  Men wie al wakker op de hichte fan de nije Streekaginda fan de Provinsje Fryslân.  It is saak foar it doarp om dêr no gebrûk fan te meitsjen.

 

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling