FNP Fryslân
Ferkiezingen - Gemeenterieden 2014

Ljouwerteradiel: Takomst Ljouwerteradiel

' Konstruktyf meiwurkje yn it belang fan ús ynwenners '

Ljouwerteradiel foarmet mei in grut part fan Littenseradiel en Ljouwert op 1/1/2018 in nije gemeente.

Yn ús foarich ferkiezingsprogram stie dat de FNP keas "foar selsstannigens fan ús gemeente yn it gearwurkingsferbân Middelsee-gemeenten en dat soks fierder útboud wurde koe as federatyf ferbân".
Lykwols troch it útelkoar fallen fan Middelsee sloech de stimming ûnder ús ynwenners danich om en waarden de lûden foar in weryndieling mei Ljouwert talriker.
Ek stie yn ús program dat "de útslach fan in referindum oer dit ûnderwerp rjochtingjouwend wêze sil".
Wy fine dat de dúdlike útslach fan it referindum fan ferline jier yn it plak te stellen is fan dat wat yn it âlde ferkiezingsprogram hjir oer de eardere foarkar beskreaun stiet.

Sadwaande sil de FNP yn de kommende riedsperioade konstruktyf meiwurkje oan de weryndieling mei û.o. Ljouwert; dêrby sille de belan-gen fan ús ynwenners feilich steld wurde.
It jild dat der no noch is, is opbrocht troch ús ynwenners en dus foar harren ornearre.
Guon partijen hawwe de hûd al oan Ljouwert ferkocht, dat it fertrouwen fan ús ynwenners yn harren sil net botte grut wêze kinne as it om de petearen mei Ljouwert giet.
As FNP binne wy bliid dat wy net belêste binne mei sa'n "hypoteek".

Rillegau nei de ferkiezings sil gemeente Ljouwert wol oantrune op in weryndielingsbeslút want dêrmei krijt de Provinsje sizzenskip oer it húshâldboekje fan ús gemeente.
De ried wurdt dan bûtenspul set en kin allinnich noch mar op de winkel passe. Ynvestearrings of ferfan-gingsynfestearrings kinne dan allinnich noch mar plakfine troch in fiat fan de Provinsje.

Reactie
Wy binne it WOL iens mei:
Dat der in referindum komme moast ferline jier, dat stie yn ús program en de FNP hat dat dus ek sa oppakt.
Inisjatyf CDA foar referindum????
Yn it aprilnûmer fan 2013 fan harren lanlike krantsje "Bestuursforum" stie in artikel fan Peter Koekoek dat it CDA-Ljouwerteradiel gjin foarstan-ner wie fan in referindum mar dat sy mei gie omdat sy no ienris yn de koalysje siet. In spul fan "geven en nemen".
Wy binne it NET iens mei:
De falske foarstelling fan saken fan de PvdA yn it proses mei Ljouwert.
Amtlik binne ferkennings al lang oan de gong, binne de finansjele situaasjes fan beide gemeenten yn byld brocht, mar woe Ljouwert earst de fúzje mei Boarnsterhim ôfwikkele ha plus ynstallaasje nije kolleezje.

www.fnp-ljouwerteradiel.nl
facebook: Fnp Ljouwerteradiel

Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling