FNP Fryslân
Ferkiezingen - Gemeenterieden 2014

Frjentsjerteradiel: Haadstik: Sosjale Foarsjennings - Ferkiezingsprogramma 2014

De FNP stribbet nei in mienskip dêr’t nei elkoar omsjoen wurdt. Yn in sosjaal libbene mienskip telt elkenien mei. Minsken moatte sa lang mooglik op harsels en yn har eigen mienskip wenje kinne.

Der sil in noch grutter berop dien wurde op selsredsumens, mantelsoargers en frijwilligers. In ferskaat oan ferienings soarget foar in libbene mienskip.

De stipe fan de gemeente is hjir op syn plak.

 

De FNP sil lytsskalige foarsjennings yn de kearnen mei in goede thús- en mantelsoarch oanmoedigje.

Foar de jongerein moatte der plakken wêze dêr't se harsels wêze kin; in eigen plak en in ta de ferbylding sprekkend útgeanssintrum yn Frjentsjer.

 

De kwetsbere groepen lykas de beheinden en minder bedielden sille ekstra omtinken krije moatte. In goed earmoedebelied mei each foar wurk is wichtich.

FNPDochtItFoarJo12

Pompebled

 

FNPunten

  • De FNP wol dat der gjin minsken tusken wâl en skip reitsje, minsken dy't help nedich hawwe, moatte troch de gemeente aktyf bystien wurde. In goed earmoedebelied is dêrby fan grut belang.
  • It is foar de leefberens in goede saak dat de jeugd him ûntjaan kin yn eigen doarp as stêd.
  • Aktiviteiten moatte der op rjochte wêze dat de jongerein mear bij de mienskip behelle wurdt.
  • Frijwilligers en mantelsoargers moatte royaal stipe krije en stimulearre wurde.
  • De gemeente moat mei har belied en projekten de wurkgelegenheid stypje.
  • Doarpshuzen, sportfoarsjennings en ek boartersplakken moatte stipe wurde.

It hiele programma stiet hjir. En jo kinne it ek as PDF delhelje.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling