FNP Fryslân
Ferkiezingen - Gemeenterieden 2014

Frjentsjerteradiel: FNP sichtber oanwêzich!

Ofrûne sneon wie de FNP by de supermerken om te harkjen nei boargers en om karkeklikkers út te dielen.

De measte minsken dêr't se in petear mei hienen joegen oan gjin fertrouwen mear te hawwen yn ‘e lanlike partijen en yn earsten net stimme te sillen of te wollen. Neidat de FNP'ers de minsken fertelden hoe wichtich it krekt dizze kear is om wol te stimmen, seker no‘t der in protte rykstaken, lykas (jeugd)soarch, wurkgelegenheid ensafuorthinne, nei de gemeente oerdroegen wurde, ha se hast allegearre tasein om dochs stimme te wollen. Moaie petearen wienen dat!

 

NijeSkoalleBloemketerp
De FNP hat dêrneist op it plak (Bloemketerp/Schapenweide) west wêr't it kolleezje in nije skoalle bouwe wol en freget har ôf wêrom dêr no krekt boud wurde moat, wylst der dan op in oar plak wer leechstân komt. De FNP ropt op om yn tiden fan krimp yn stee fan út, yn te wreidzjen en de nije skoalle yn it Skalsumerplan te realisearjen. Op it besteande plak (D. Oosterbaanstraat) ferbouwe, wêrtroch der wat moais foar werom komt en de leefberens yn it Skalsumerplan bliuwt!

 

FNP Karkeklikkers supermerken Frjentsjerteradiel
Bloemketerp Schapenweide FNP Frjentsjerteradiel
 FNP Jan Dijkstra Bloemketerp Schapenweide FNP Bloemketerp Schapenwieide Frjentsjerteradiel

Kommende sneon (8 maart) is de FNP wer op in paad! Jo kinne har witte litte hoe't jo tinke oer it plak fan de nije skoalle! Kontakt mei ôfdieling Frjentsjerteradiel is neist in persoanlik petear ek mooglik fia de fraksje of oare kontaktpersoanen op: www.frjentsjerteradiel.fnp.frl as op Facebook en Twitter.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling