FNP Fryslân
Ferkiezingen - Gemeenterieden 2014

Frjentsjerteradiel: Haadstik: Sport - Ferkiezingsprogramma 2014

Jong oant âld moatte oan sport dwaan kinne. De gemeente heart in goede, leechdrompelige sportynfrastruktuer te befoarderjen. Sport is wichtich foar it ferbetterjen fan de folkssûnens en hat in sterke sosjaal ferbinende rol.

De FNP fynt dat sportfoarsjennings safolle mooglik evenredich oer de doarpen ferspraat en tagonklik wêze moatte foar elkenien. Elts doarp moat in "sportfjild" ha as der ferlet fan is.

 

Troch it jaan fan subsydzje foar de jeugd, wurdt de ûntwikkeling fan talint stimulearre en wurdt tagelyk wat bean om de jeugd oan ús regio te binen.

 

De FNP wol gjin privatisearring fan de húsfesting fan de sportfoarsjennings as dit liedt ta hegere kosten foar de brûkers.

 

It swimbad Bloemketerp moat fansels bliuwe. Foar de swimfeardigens fan ús bern, mar foaral ek om in attraktive stêd te hâlden

FNPDochtItFoarJo11A
FNPDochtItFoarJo11B

Pompebled

 

FNPunten

  • It opsetten fan sportstimulearjende projekten is in punt fan oandacht. Dit kin by de jongerein bydrage oan it foarkommen fan alkohol- en drugsmisbrûk.
  • Sportterreinen en -akkomodaasjes moatte goed ûnderhâlden wurde.
  • De FNP wol net besunigje op sport omdat dit it libben oangenaam makket en de sûnens en mienskipssin ferbetteret.
  • In swimbad kin net ûntbrekke as sportfoarsjenning yn ús gemeente. Ynfestearrings yn it swimbad om de enerzjylesten nei ûnderen te krijen moatte stipe wurde.

It hiele programma stiet hjir. En jo kinne it ek as PDF delhelje.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling