FNP Fryslân
Ferkiezingen - Gemeenterieden 2014

Frjentsjerteradiel: Haadstik: Underwiis - Ferkiezingsprogramma 2014

It basis- en middelber ûnderwiis moat rjochte wêze op talintûntwikkeling en de gemeente moat dat mooglik meitsje troch it beskikber en berikber te meitsjen.


De FNP fynt dat it gemeentebestjoer yn petear wêze moat mei skoalbestjoeren oer de kwaliteit fan it ûnderwiis. Dat kin fierder gean as it wol of net yn stân hâlden fan in skoalle yn in lytse kearn.


Der komme de kommende jierren minder bern op de skoallen en dat sil gefolgen hawwe foar de skoallen yn ús gemeente. Fan belang is dat it ûnderwiis beskikber is en bliuwt. Maatwurk moat mooglik wêze!
FNPDochtItFoarJo9A
FNPDochtItFoarJo9B

Pompebled

 

FNPunten

  • Alle (lytse) skoallen moatte as moetingsplak foar de mienskip de kâns krije om de funksjes fan de bredere skoallen op har te nimmen.
  • It is wichtich dat sport (ek de Fryske sporten) en muzyk in goed plak krije yn it ûnderwiis op de skoallen.
  • Twatalige pjutteboartersplakken binne needsaak.
  • De FNP stipet gearwurking tusken iepenbier en bysûnder ûnderwiis as dat ta gefolch hat dat ien skoalle yn it doarp bestean bliuwe kin.
  • De FNP stribbet nei 3-talich ûnderwiis yn Frjentsjerteradiel.
  • Frjentsjer fertsjinnet in folsleine VWO oplieding. 
  • De FNP wol Natoer- en Miljeu-Edukaasje (NME) yn dizze gemeente ynfiere.

It hiele programma stiet hjir. En jo kinne it ek as PDF delhelje.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling