FNP Fryslân
Ferkiezingen - Gemeenterieden 2014
02-04-2014 - Ferwerderadiel: Kampanje 2014
Hjirûnder de ynlieding troch de fraksje yn de gemeenteried.

21-03-2014 - Dantumadiel: 19 maart: wat in geweldige dei foar de FNP!
Nij entûsjast team stiet klear

21-03-2014 - Achtkarspelen: Tige tank foar jo stim
De FNP is de grutste partij fan Achtkarspelen

20-03-2014 - Kollumerlân: Boppeslach foar ús FNP
Foarriedige útslach riedsferkiezingen fan 19 maart 2014:

FNP Kollumerlân is foar it earst de earste partij yn de gemeente. It is foar de gemeente Kollumerlân c.a. ek foar 't earst yn mear as 100 jier dat der troch stimming in ferskowing plak fynt op nûmer 1.

20-03-2014 - Fryslân: Winst foar de FNP yn 9 fan de 13 gemeenten
Partij dik tefreden mei resultaat

20-03-2014 - Kollumerlân: Ynformateur Hendrik ten Hoeve fan Stiens al oan de slach
Juster wie de ferkiezingsdei en doe't justerjûn de útslach bekend wie is de FNP daliks oan it wurk gien. Alle partijen en de boargemaster binne ynformearre dat de FNP it inisjatyf foar kolleezje-foarming op him nimt. Hjoed hat Hendrik ten Hoeve fan Stiens syn rol as ynformateur oppakt. Hy sil no ôfspraken meitsje mei alle partijen yn Kollumerlân foar in earste oerlis.

18-03-2014 - Achtkarspelen: FNP de grutste op wâldnetpoll
De FNP docht it poerbêst yn de wâlden e.o. No moarn noch !! FOL FJOER FIERDER

18-03-2014 - Frjentsjerteradiel: FNP Frjentsjerteradiel docht it foar jo!
De FNP is in partij dy’t opkomt foar Fryslân en syn ynwenners. De FNP stribbet nei in provinsje mei mear eigen foech. In provinsje dy’t sels wikt en beskikt oer bygelyks de boaiemskatten. Taal, kultuer èn lânskip binne wichtige parten fan ús identiteit.

17-03-2014 - Achtkarspelen: De FNP kandidaten foar de ferkiezings fan 19 maart
Sjoch wa't de FNP fertsjintwurdigje en wat se wolle

17-03-2014 - Fryslân: FNP nijsbrief ferkiezings 2014 no online
Noch ien kear alle nijs, spotsjes en FNP ôfdielings by del

17-03-2014 - Fryslân: Lannelike TV-spot - stim lokaal, stim regionaal, stim FNP !
OSF filmke yn it Frysk en it Hollânsk

16-03-2014 - Dongeradiel: Megawindturbines, nu niet en in de toekomst niet!
FNP-Dongeradiel is heel helder: geen megawindturbines in het open landschap. De heer De Vries van Dongeradeel Sociaal gebruikt dezelfde argumenten als de FNP.

16-03-2014 - Littenseradiel: Aksje op Facebook foar Tjalling Sietsma
De omkriten fan Winsum / Easterlittens, yn aksje foar
Tjalling Sietsma fan Hilaard

16-03-2014 - Littenseradiel: FNP kampanje 15 maart
De FNP Littenseradiel wie sneon 15 maart op kampanje yn
Littenseradiel

16-03-2014 - Frjentsjerteradiel: Haadstik: Finânsjes - Ferkiezingsprogramma 2014
De gemeente heart hoeden om te springen mei it jild fan de boargers. Der moat in ferantwurde en sûn finansjeel belied fierd wurde. Dêrby sil it útgangspunt wêze moatte dat de lesten foar de boargers leech bliuwe. As it heal kin giet ek de ûnreplikgoedbelesting net omheech.

15-03-2014 - Kollumerlân: Jan Benedictus fan Boelensloane wethâlderskandidaat FNP-Kollumerlân
It bestjoer fan FNP-Kollumerlân c.a. hat Jan Benedictus fan Boelensloane keazen as kandidaat- wethâlder. Ôfhinklik fan de ferkiezingen en de kolleezjeûnderhannelingen kin hy oan it wurk as FNP-wethâlder yn Gemeente Kollumerlân c.a.

15-03-2014 - Fryslân: Frijbûtser yn teken fan ferkiezings
Ferkiezingsnûmer no online en troch de bus

15-03-2014 - Menameradiel: Kieze foar minsken en net foar asfalt en beton
Der bart in soad op dit stuit op it mêd fan de soarch. It Ryk hevelt ferantwurdlikheden op it mêd fan jeugdsoarch, minima en âldereinsoarch oer nei de gemeenten.

13-03-2014 - Smellingerlân: Durk Oosterhof, Saapke Voolstra en Wietze Lap
'Kommende fjouwer jier polityk bedriuwe op ynhâld'

12-03-2014 - Frjentsjerteradiel: Haadstik: Romtlike oardening en folkshúsfesting - Ferkiezingsprogramma 2014
De romte en it lânskip binne kearnkwaliteiten fan ús gemeente, dêr binne wy sunich op by dei en by nacht. Wy wolle de iepen romte safolle mooglik iepen hâlde. Mei de boeren wolle wy nei wegen sykje dy’t harren romte jout, rekken hâldend mei miljeu en lânskip. Yn tiden fan krimp en krisis is it yn stêd en doarpen wichtich om yn stee fan út, yn te wreidzjen. Rottige plakken en kiezzen opromje middels werstrukturearring en doarpsfernijing, wêrtroch der wat moais foar werom komme kin en de leefberens ferbetteret.

11-03-2014 - Evert Wilstra nûmer 1 yn Opsterlân
Sportive listlûker foar de FNP

11-03-2014 - Dongeradiel: Kieze foar minsken en net foar asfalt en beton
Der bart in soad op dit stuit op it mêd fan de soarch. It Ryk hevelt ferantwurdlikheden op it mêd fan jeugdsoarch, minima en âldereinsoarch oer nei de gemeenten

10-03-2014 - Kollumerlân: FNP twadde partij yn de gemeente
FNP royaal foar op PvdA en VVD

10-03-2014 - Littenseradiel: ús plattelân wol libje !
FNP listlûker Welmoed van der Werf: selsbewust de takomst yn

10-03-2014 - Menameradiel: Mei de karavan nei de doarpen op sneon 8 en 15 maart 2014
FNP Menameradiel komt nei de minsken ta

09-03-2014 - Ek yn Smellingerlân in stimwizer
Inisjatyfútstel FNP oannommen yn de rie

09-03-2014 - Frjentsjerteradiel: Haadstik: Folkssûnens en miljeu - Ferkiezingsprogramma 2014
De gemeente moat ambysje toane oangeande in skjin miljeu. Dat makket ús oantreklik foar ynwenners en gasten. Wy stribje nei ûnôfhinklikens fan fossile brânstoffen en in wettersysteem dat skjin, feilich en foldwaande is, sadat elts hjir sûn libje kin.

08-03-2014 - Dantumadiel: Jerrit de Bruin 1, Emke Peterson 2
Entûsjaste minsken en in soad riedsûnderfining

08-03-2014 - Súdwest-Fryslân: FNP midden yn de mienskip
Flitsende kampanje webside http://www.fnp2014.nl/

08-03-2014 - Frjentsjerteradiel: Plan Súd op slot?
De Fryske Nasjonale Partij (FNP) nimt de soargen fan de bewenners fan Plan Súd tige serieus en hat de wyk sneon 8 maart mei in stevige delegaasje besocht. Neist fraksjefoarsitter Jan Dijkstra, wie ek Annigje Toering, fraksjefoarsitter/steatelid fan de provinsjale FNP oanwêzich, omt de situaasje yn Frjentsjer fansels net op himsels stiet.

08-03-2014 - Súdwest-Fryslân: FNP prominint yn Makkum
Midden yn de Mienskip !

07-03-2014 - Ferwerderadiel: Spearpunten
Hjir ûnder folgje de saken wêr't wy mei oan de gong wolle

07-03-2014 - Fryslân: Gaswinning soarget foar ûnrêst yn Fryslân
De FNP ôfdielings Opsterlân en Hearrenfean organisearren op woansdei 5 maart in ynformaasjejûn oer gaswinning yn de provinsje Fryslân.

07-03-2014 - Frjentsjerteradiel: Keatsen fertsjinnet folweardich museum
Kweaslach PvdA - De PvdA wol it keatsmuseum ûnderbringe by museum Martena yn Frjentsjer. Dat is tweintich jier werom yn de tiid en docht gjin rjocht oan de ieuwenâlde keatssport en oan de keatsstêd Frjentsjer.

07-03-2014 - Achtkarspelen: FNP Achtkarspelen “iepenet” doarpshûs Koatstertille
It is inkeld te tankjen oan de FNP dy't altyd meiwurke om de plannen te realisearjen.

05-03-2014 - Frjentsjerteradiel: Haadstik: Sosjale Foarsjennings - Ferkiezingsprogramma 2014
De FNP stribbet nei in mienskip dêr’t nei elkoar omsjoen wurdt. Yn in sosjaal libbene mienskip telt elkenien mei. Minsken moatte sa lang mooglik op harsels en yn har eigen mienskip wenje kinne.

04-03-2014 - Achtkarspelen: De FNP komt nei jo ta
De FNP komt mei de ferkiezingsbus troch de doarpen en it FNP hûs Surhústerfean is iepen

04-03-2014 - Frjentsjerteradiel: FNP sichtber oanwêzich!
Ofrûne sneon wie de FNP by de supermerken om te harkjen nei boargers en om karkeklikkers út te dielen.

03-03-2014 - Fryslân: Ynformaasjejûn oer gaswinning yn Langsweagen
De ôfdielingen FNP yn Opsterlân en Hearrenfean organisearje op 5 maart yn it doarpshûs fan Langsweagen in ynformaasjejûn oer de gefolgen fan gaswinning yn de beide gemeenten.

02-03-2014 - Frjentsjerteradiel: Haadstik: Sport - Ferkiezingsprogramma 2014
Jong oant âld moatte oan sport dwaan kinne. De gemeente heart in goede, leechdrompelige sportynfrastruktuer te befoarderjen. Sport is wichtich foar it ferbetterjen fan de folkssûnens en hat in sterke sosjaal ferbinende rol.

02-03-2014 - Littenseradiel: Praatpeal yn Wommels
De praat mar frysk praatpeal stie dizze wike yn Littenseradiel,
by vd Velde yn Wommels. FNP Littenseradiel wie der fansels by!

27-02-2014 - Ljouwerteradiel: Loeki Bijlsma FNP nr. 6
Foardat de JSF hjir komt wol de FNP in taksaasje fan huzen dy't binnen de lûdskontoeren steane

27-02-2014 - Ljouwerteradiel: Jaap Kerstma, FNP nr. 7
De FNP fynt dat skoallen, wentebou en iepenbier ferfier fan libbensbelang binne op de lytse doarpen

26-02-2014 - Achtkarspelen: FNP op wurkbesite yn gerkesleaster-Strobos
Moaie middei yn it twalingdoarp fan Achtkarspelen

26-02-2014 - Frjentsjerteradiel: Haadstik: Taal en kultuer - Ferkiezingsprogramma 2014
Taal en kultuer binne bij útstek dragers fan de eigen identiteit fan de Fryske mienskip. De measte ynwenners fan ús gemeente brûke de Fryske taal, de gemeente slút him dêrby oan en stimulearret it brûken dêrfan. Ek fanút toeristysk eachpunt binne taal en kultuer tige wichtich.

26-02-2014 - Fryslân: FNP wurkbesite Weststellingwerf Natuurlijk
Bestjoerskrêft fan ûnderen op yn de doarpen

24-02-2014 - Hearrenfean: Ynformaasjejûn oer gefolgen gaswinning.
De ôfdielingen FNP yn Opsterlân en Hearrenfean organisearje op 5 maart yn it doarpshûs fan Langsweagen in ynformaasjejûn oer de gefolgen fan gaswinning yn de beide gemeenten.

24-02-2014 - Menameradiel: Mei de karavan nei de doarpen op sneon 8 en 15 maart 2014
FNP Menameradiel komt nei de minsken ta

24-02-2014 - Menameradiel: Op 8 en 15 maart a.s. met de caravan door de gemeente
FNP Menameradiel komt naar de mensen toe!

23-02-2014 - Frjentsjerteradiel: Haadstik: Underwiis - Ferkiezingsprogramma 2014
It basis- en middelber ûnderwiis moat rjochte wêze op talintûntwikkeling en de gemeente moat dat mooglik meitsje troch it beskikber en berikber te meitsjen.

21-02-2014 - Ljouwerteradiel: Takomst Ljouwerteradiel
' Konstruktyf meiwurkje yn it belang fan ús ynwenners '

Argyf





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling