FNP Fryslân
FNP Fryslân - OSF

OSF: platfoarm fan ûnôfhinklik politieke partijen

De FNP hat yn 1995 oan de widze stien fan de OSF (Onafhankelijke Senaats Fractie). Fjirtjin ûnôfhinklike regionale partijen út hiel Nederlân hawwe har feriene yn dit platfoarm. Op dit stuit hat de OSF ien sit yn de Earste Keamer.

 

Alle oansletten partijen hawwe har eigen ideeën en identiteit. Sy binne lykweardich, mei trije kearnwearden:

1. Altyd op syk nei lytsskaligens en minslike mjitte

2. Mei-inoar gearwurkje, sûnder oantaasting fan eigen identiteit

3. Oplûke as ien partij; ienheid yn ferskaat

 

Kontakt mei OSF:
Webside: www.OSF.nl
Facebook: facebook.com/OnafhankelijkeSenaatsFractie
Twitter: twitter.com/OSFractie

 

Provinsjale Steaten stimme

Net de boargers, mar de leden fan Provinsjale Steaten stimme foar de Earste Keamer. Dit binne dus yndirekte ferkiezings. Regionale en lokale partijen drage per provinsje in kandidaat foar. Yn Fryslân is Gerben Gerbrandy de kandidaat-senator.

 

De Earste Keamer kontrolearret de regering, kin wetten goed- of ôfkarre. De Earste Keamer kriget hyltyd mear macht, om’t op dit stuit de koalysje mar ien stim mearderheid hat (38-37). Nei de provinsjale ferkiezings is dy mearderheid mooglik fuort. Dêrom wurdt de OSF tige wichtich. As de lokale en regionale partijen noch better gearwurkje - by gemeenteriedsferkiezings stimt 33 prosint lokaal - dan sil de ynfloed fan de OSF grut wurde.

 

Hindrik ten Hoeve (FNP) hat mei-inoar 12 jier senator west foar de OSF. Hy hie grut oansjen en hat beskiedend west yn tal fan saken, lykas it opkearen fan besunigingen op kultuer, it feilichstellen fan Frysktalige berne-opfang en it feilichstellen fan de ûnôfhinklikens fan Omrop Fryslân.

 

Kandidaat Gerben Gerbrandy

FNP’er Gerben Gerbrandy hat him kandidaat steld mei as doel mear sizzenskip en foech nei Fryslân en de regio’s te krijen foar wichtige tema’s lykas ûnderwiis, soarch, lânbou, kultuer, enerzjy en media.

 

Gerbrandy (1952) is hikke en tein yn Fryslân, wie 25 jier learaar en 20 jier aktyf yn de polityk. Twa jier riedslid Súdwest-Fryslân, 13 jier wethâlder Wymbritseradiel en 6 jier boargemaster Achtkarspelen. Dêrnjonken hat hy altyd aktyf west yn tsjerke en mienskip.

 

Syn doel is it lûd fan de ûnôfhinklike partijen yn Nederlân hearre te litten. Gerbrandy: “It soe foar De Haach wol wiis wêze om dat lûd, fan 33 prosint fan alle kiezers, serieus te nimmen. De ûnôfhinkliken komme der oan!”

 

 


Oanhingsel(s):
OSF_logo2.jpg





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling