FNP Fryslân
FNP Fryslân - Jongerein

FNP jongerein

De FNPJ – de jongerein fan de Fryske Nasjonale Partij – is in kommisje foar FNP leden oant 'e mei 30 jier. De FNPJ siket de jongerein yn de provinsje graach op en is altyd ree it petear oan te gean!

De FNPJ is oprjochte op 12 septimber 2007. Jongerein by de FNPJ studearje noch of hja binne krekt útein set mei in earste baan. Sy stypje, sterk bewust fan de eigen identiteit, de sân kearnwearden fan de FNP. De FNPJ hâldt him dwaande mei Fryske en ynternasjonale polityk. Yn dat ramt komme saken lykas ûnderwiis, wurkgelegenheid en starterswenten op it aljemint. De FNPJ sjogge ek nei oare minderheden yn Europa, de FNPJ is dêrta fertsjintwurdige yn de EFAy (European Free Alliance Youth; EFAy.eu).

 

Kontakt FNPj:

Mail: jongerein@fnp.frl

Twitter: twitter.com/fnpjongerein

 






FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling