FNP Fryslân
FNP-jongerein

FNPjongerein

FNPjongerein hat no har eigen webstek: jongerein.fnp.frl 

 

johannes en saapke   

fnpj logo

Kontakt FNPj:

Mail: jongerein@fnp.frl

Twitter: twitter.com/fnpjongerein

FNPj yn Europa: europeanfreeallianceyouth.wordpress.com

  efay barcelona 2009-l 

 

De FNPJ – de jongerein fan de Fryske Nasjonale Partij – is in kommisje foar FNP leden oant en mei 30 jier. Wy binne as FNPJ in iepen politiyk jongerein platfoarm. De FNPJ siket de jongerein yn de provinsje op en is altyd ree op it petear oan te gean. Binnen de partij jout de FNPJ lûd foar de jongerein. Dêrnjonken organisearret de FNPJ aktiviteiten voor de leden.

 

De FNPJ is oprjochte op 12 septimber 2007. Foarsitter is op it stuit Saapke Voolstra , sjoch op de foto hjirboppe. Sy jout dêr in rapport fan de FNPJ oer jongereinketen op it plattelân oan Johannes Kramer.

 

Jongerein by de FNPJ studerret noch of hja binne krekt útein set mei in earste baan. Sy stypje, sterk bewust fan de eigen identiteit, de sân kearnwearden fan de FNP. De FNPJ hâldt him dwaande mei Fryske en ynternasjonale polityk. Yn dat ramt komme saken lykas ûnderwiis, wurkgelegenheid, starterswenten en rjochten fan minderheden op it aljemint. As nasjonale minderheid sjogge wy by de FNPJ ek nei oare minderheden yn Europa. De FNPJ is dêrta fertsjintwurdige yn de EFAy (European Free Alliance Youth).

 

Wolst ús maile? Dat kin!        Foar mear ynfo oer de EFAy:

jongerein@fnp.frl                europeanfreeallianceyouth.wordpress.com






FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling