FNP Fryslân
Europa - Nijs

FNP sprekt NL-regear oan op referindum Kataloanje

De Spaanske steat moat ophâlde mei it skeinen fan minskerjochten en fan it frustrearjen fan it demokratysk proses mei in referindum yn Kataloanje. De Steatefraksje fan de FNP hat dêroer in brief skreaun oan minister Koenders fan útlânske Saken.

It brief ropt it Nederlânske regear op by harren Spaanske kollega's mei klam oan te stean op in frij, earlik en respektfol ferrin van it referindum op 1 oktober. De Katalanen wurdt dan frege om harren stim út te bringen oer ûnôfhinklikens fan Kataloanje. It Spaanske regear docht fia de nasjonale plysje alle war om tariedings fan it referindum op te kearen en it wurk fan de media ûnmooglik te meitsjen. Katalaanske oerheidsfunksjonarissen en politisi wurde boppedat bedrige mei juridyske ferfolging.

 

Neffens de FNP binne dizze saken yn striid mei de ferdraggen fan de Europeeske Uny en mei it Hânfêst oer fûnemintele minskerjochten lykas frijheid fan parse en frijheid fan ekspresje. De FNP wol dat de ynwenners fan Kataloanje frij harren demokratyske rjochten útoefenje kinne. It brief ropt it Nederlânske regear op om dêr op ta te sjen.

 

FNP fraksjefoarsitter Corlienke de Jong: ‘Fia syn streekrjochte kontakten mei Kataloanje en mei oare regionale partijen yn Europa is de FNP op de hichte steld fan de slimme oantaasting fan ferskate humanitêre en demokratyske wearden. Wy wolle net allinnich ynternasjonale solidariteit toane mei ús bûnsmaten fan regionale partijen yn Kataloanje mar steane der ek op oan dat it Nederlânske regear Spanje oansprekt op de gong fan saken.'


Oanhingsel(s):
FNP brief oan minister Koenders
Referindum Catalonië


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling