FNP Fryslân
Earste Keamer - Nijs

Hindrik ten Hoeve oer de weryndieling

Mienskiplike behanneling wetsútstellen gearfoegjen gemeenten.
H. ten Hoeve / OSF / 9 en 10 july 2018


Fan ûnderen op 

De tiid dat de gemeente Sleat, fan 600 ynwenners, him fersette tsjin gearfoeging mei de gemeente Gaasterlân fan 7500 ynwenners leit ûnderwilens 35 jier efter ús. Der is yn dy tiid in soad feroare. De wjerstân tsjin weryndieling, en it gefoel dat de gemeente fierder ôf komt te stean troch weryndieling binne minder wurden, mar net hielendal ferdwûn.

 

It útgongspunt yn it beliedsramt is "herindeling van onderop", mei "draagvlak bestuurlijk, maatschappelijk en regionaal". Mei klam ek regionaal: net allinnich de gemeente beslist; de opfetting fan de provinsje en de buorgemeenten telle ek mei, mar út útgongspunt bliuwt "fan ûnderen op". It regearakkoart hat deselde benadering.

 

Wa sketst de fernuvering, nee de lulkens, as de gemeente Haren kiest foar selsstannigens, in dúdlik plan oannimt om de knyppunten op te lossen, en dan docht bliken dat de provinsje ynienen dochs in gearfoeging mei Grins en Ten Boer trochsette wol. Dan slane yn Haren de stoppen troch, freget de gemeente oan de minister om skorsing en ferneatigjen fan de arhi besluten en wegeret de gemeente fierder diel te nimmen oan it proses as bliken docht dat neffens it COELO it ombûgingspakket in goed antwurd is op har finansjele probleem.  

 

Unbehoarlik bestjoer 

Dus wêrom? Yn elts gefal is dúdlik dat it gemeentebestjoer en in grut part fan de ynwenners har ienfâldichwei bedondere fiele troch de ferbrutsen beloften fan de provinsje. Dêrom wurdt út de gemeente wei hieltyd sprutsen oer "de onbetrouwbaarheid van de provincie" en oer "onbehoorlijk bestuur". 

 

As in foarnommen gearfoeging safolle frustraasje opropt as no by bestjoer en ynwenners yn Haren, dan is yn it foar al dúdlik dat der gjin goede basis oanwêzich is. Is de minister it net mei ús iens dat it dan mar better is en fal werom op wat eins ek it útgongspunt fan it belied is: weryndieling moat yn prinsipe fan ûnderen op komme en net fan boppe ôf.

 

Klik hjir fierder nei de folsleine bydrage (NL)  


Oanhingsel(s):
gemeenteried


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling