FNP Fryslân
Earste Keamer - Nijs

OSF: 'Ien op trije kiezers stimt lokaal'

Tiidskrift Locomotie fan ús OSF Earste Keamerfraksje stiet wer online. OSF-foarsitter Durk Stoker fertelt wêrom safolle kiezers op in ûnôfhinklike partij stimme.

Sterk lokaal

Yn dit nûmer in artikel oer it sukses fan Sterk Lokaal yn Drinte. Tsien gearwurkjende ûnôfhinklike partijen dogge mei ien list mei oan de ferkiezings foar Provinsjale Steaten. Fierder in In Memoriam foar Marc Rijk fan de Partij voor Zeeland, de OSF-roadshow en in portret fan Lokaal-Limburg yn it Limburgs Parlemint.

 

Like goed Europeaan 

Hindrik ten Hoeve bepleitet út de Earste Keamer wei it belang fan de Europeeske Uny. 'Binnen Europa kun je er op rekenen dat er democratie heerst en dat onze mensenrechten worden gerespecteerd.'....'We sluiten de ogen niet voor de problematiek waar Europa op dit moment mee te kampen heeft. Zoals internationale grensbewaking, migratie, sociale ongelijkheid, terrorisme en corruptie.'

 

Undersiken enerzjy en OV

De OSF presintearret de resultaten fan ûndersiken dy't mei mooglik makke binne troch it Wittenskiplik Buro fan de OSF. De FNP hat mei de fraksje fan de European Free Alliance yn it Europeesk Parlemint in ûndersyk dien nei de mooglikheden foar de enerzjytransysje op regionale skaal. In oar ûndersyk wie oer 'Slimme Openbaar Vervoer tarieven'. Grutte ferskillen tusken de stêdlike gebieten en it plattelân kamen oan it ljocht. Sjoch fierder op www.osf.nl .

 

Klik hjir nei de bledderferzje fan de digitale Locomotie 

 

Klik hjir foar in download als *.pdf 

 


Oanhingsel(s):
Locomotie 68


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling