FNP Fryslân
Earste Keamer - Nijs

FNP'er Jabik van der Bij nimt ôfskied as foarsitter OSF

'Je moet altijd boven de partijen staan'. Dat seit Jabik van der Bij yn de nije Locomotie. It tiidskrift fan de Onafhankelijke Senaatsfractie jout rom omtinken oan de skiedend foarsitter mei in wiidweidich fraachpetear.

Yn de nijste Locomotie wer in soad omtinken foar de FNP. Sintraal it ôfskied fan Jabik van der Bij as foarsitter fan de OSF. Boargemaster Gerben Gerbrandy komt oan it wurd yn in artikel oer nije politike wurkfoarmen mei mear ynbring mei de boarger.

 

Fierder yn dit nûmer dúdlike útkomst fan in yntern ûndersyk oer de partijnamme en it logo. Dit sil feroarje moatte as de OSF ek nei de Twadde Keamer giet. De senator Hindrik ten Hoeve hat mei leden fan de ferskate OSF-fraksjes op wurkbesite west op Schiphol. It Wittenskiplik Buro fan de OSF docht ferslach fan de nije wurkwize. En Jabik van der Bij skriuwt syn lêste redaksjonele kollum. 

 

 


Oanhingsel(s):
Locomotie 65


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling