FNP Fryslân
Earste Keamer - Nijs

Soad omtinken foar FNP yn Locomotie tiidskrift OSF

Us senator Hindrik ten Hoeve giet yn op de politike beslútfoarming yn OSF en Earste Keamer. Fierder in artikel oer it politike Praathûs fan FNP Ljouwert, en oer it FNP-ûndersyk nei kânsen foar duorsume enerzjy.

Hoe komme jo binnen de OSF mei al syn oansluten partijen ta politike besluten? Wa bepaalt úteinlik ús definitive ynbring yn de Earste Keamer? De senator leit út hoe't dat giet mei 'last en ruggespraak'. Hy giet yn dit nûmer fan de Locomotie yn op de histoaryske eftergrûnen by dit ûnderwerp.

 

Fierder yn dizze ôflevering: hoe belûkt de FNP yn de stêd de minsken by de politike beslútfoarming? FNP riedslid Lyda Veldstra lit sjen hoe't se dat yn de gemeente Ljouwert dogge mei in polityk Praathûs. Locomotie bringt ek in wiidweidich fraachpetear mei Henk de Vries oer it polityk-wittenskiplik ûndersyk fan de FNP nei kânsen foar duorsume enerzjy. It ûndersyk krijt stipe fan de OSF en fan de EFA-fraksje yn it Europeesk Parlemint. Nijsgjirrich !

 

 

Klik hjir nei Locomotie online en meld jo fergees oan as abonnee by de OSF 


Oanhingsel(s):
Locomotie 64


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling