FNP Fryslân
Earste Keamer - Nijs

OSF/FNP senator kritysk yn mediadebat

Lês de tekst fan Hindrik ten Hoeve yn de Earste Keamer

Hendrik ten Hoeve 2015

 

Hindrik ten Hoeve hat in stevige bydrage levere yn it mediadebat yn de Earste Keamer op 2 febrewaris 2016. It gong wer oer de posysje fan Omrop Fryslân. Hy luts yn it debat konstruktyf op mei de CDA-wurdfierder Joop Atsma, en mei resultaat. It wurdt hiel dreech foar steatssekretaris Dekker om de nije mediawet der troch te krijen. Dat wie wol dúdlik doe't it debat ôfbrutsen waard. It boadskip fan de senaat wie dat Dekker earst  mar ris syn tasizzingen swart op wyt sette moat.

 

Kearn fan Ten Hoeve syn betooch is dat de advizen fan de Kommisje-Hoekstra oer de Omrop neikommen wurde moatte. Fryslân freget net om in Fryske redaksje binnen in nije Hilversumske RPO organisaasje, mar om in eigen omrop: ‘Met een volwaardig, zelfstandig en breed programma-aanbod in de Friese taal. Die brede taakopdracht behoeft een structureel gedifferentieerde financiering en een afzonderlijke benadering bij de bepaling van het noodzakelijke budget.'

 

It regear wol, ek as der gjin nije mediawet komt, de besuniging fan 17 miljoen op de regionale omroppen trochsette. Dy is hoe dan ek al ynboekt, sei Dekker. De OSF/FNP senator stelde dêrop dat it folslein dúdlik is dat dizze besuniging net folslein helle wurde kin sa't it no giet. Omrop Fryslân en oaren komme sa finansjeel klem te sitten per 1 jannewaris 2017. Ten Hoeve hat frege om kompinsaasje fan de ekstra (friksje) kosten dy't dit opleveret. Dekker hat dêrop in tasizzing dien dat it Ryk de ekstra kosten betelje sil no't it allegear langer ûnwis bliuwt hoe't it nei 1 jannewaris komt.

 

Ten Hoeve stelde fierder dat de besuniging neist de ‘backoffice' en de technyk ek perfoarst de redaksje, de sjoernalistyk treffe sil. Hy neamde dit ‘in pynlike saak' dêr't de regionale publike omrop it dochs al swier hat. Der moat mear tiid komme. De koepel fan ‘regionalen' ROOS hat dêr ek om frege.

 

As de nije wet it al hellet, kin de selsstannichheid fan de besteande organisaasjes lykas Omrop Fryslân dan dochs bestean bliuwe, sa wie in oare fraach. Dekker liet Ten Hoeve dúdlik merke dat hy dêr gjin foarstanner fan is: ‘de programmering is voor mij de hoofdzaak'. Mar oan de oare kant, as de wet it net hellet, dan bliuwe de besteande omroppen selsstannich en moatte se de swiere besuniging ek sels drage.

 

Dekker en de Provinsje wolle de aparte posysje fan de Omrop no regelje yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer. De ûnderhannelingen dêroer moatte noch begjinne en de útkomst is perfoarst noch net wis. As FNP stjoere wy, yn oparbeidzjen mei ús senator, ûnfermindere oan op in selsstannige Omrop yn Ljouwert, wetlik regele, mei eigen aparte finansiering.

 

 

NB it debat yn de Earste Keamer giet fierder op 1 maart 2016 


Oanhingsel(s):
2016-02-02 Bijdrage Ten Hoeve OSF - mediawet
Earste Keamer


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling