FNP Fryslân
Earste Keamer - Nijs

OSF easket minder gaswinning

Gefolgen mynbou en Mediawet foar de regio

Algemiene Skôgings Earste Keamer

Senator Hindrik ten Hoeve fan de Onafhankelijke SenaatsFractie (OSF) kiest by de Algemiene Skôgings yn de Earste Keamer mei klam foar de ynwenners fan Grinslân en Drinte. Hja moatte op koarte termyn har skea fergoede krije foar de oerlêst troch de gaswinning. De OSF Senator lei dêrby ek in ferbân mei Limburg. Want ek dêr soarget it opdollen fan stienkoal, 50 jier nei de oankundiging dat de minen sluten wurde soene, noch hieltyd foar mynskea en oerlêst.

 

Ten Hoeve wiist it regear op de tasizzing om minder gas te winnen yn it noarden fan Nederlân. De OSF Senator wol no graach de konkrete plannen witte. Fierder wol de Senator dat it regear faasje makket mei de nije mynwet. Hjir soe ûnder oaren de omkearing fan de bewiislêst yn regele wurde moatte. Dit om ynwenners fan Grinslân en Drinte te helpen om skea troch ierdbevings as gefolch fan gaswinning flugger fergoede te krijen.

 

Limburg
Ferrassend is ek it ferbân dat de OSF Senator leit mei Limburg. Ek hjir kin de mynwet nammentlik de noch hieltyd besteande problemen mei oplosse. Yn Limburg, 50 jier nei it oankundigjen van de mynslutingen, is noch hieltyd sprake fan nije mynbouskea. Dat komt trochdat it mynwetter net langer fuortpompt wurdt. It gefolch hjirfan is dat eroazje en ierdfal yn de âlde myngongen alle romte krije. De gefolgen boppe de grûn binne merkber: wenningen fersakje en der ûntsteane grutte skuorren.  

 

Regionale Omrop
Ten Hoeve freget yn syn bydrage oan de Algemiene Skôgings ek omtinken foar de lokale omroppen. It feroarjen fan de Mediawet, mei in dêrby hearrende besuniging fan 17 miljoen, soarget foar ûnrêst yn de regio's. De OSF sjocht it belang fan de regionale sjoernalistyk en is fan betinken dat dy beskerme wurde moat. Fierder wurdt omtinken frege foar de bysûndere posysje fan Omrop Fryslân, ferantwurdlik foar radio- en TV-útstjoeringen yn de twadde Rykstaal. Dy posysje past net yn de hjoeddeistige útstellen.

 

Boargers
Hindrik ten Hoeve kiest mei syn bydrage oan de Algemiene Skôgings dúdlik foar de boargers. "Dy moatte heard en beskerme wurde", sa seit de Senator, "dat is ien fan de wichtichste útgongspunten fan de OSF. Lykas altyd kiest de Unôfhinklike Polityk der foar om eltse probleemstelling te hifkjen oan de minsklike mjitte en de beslútfoarming sa ticht mooglik by de boargers del te lizzen. Ek yn de Earste Keamer wolle wy de boargers in stim jaan."


Oanhingsel(s):
Ierdbevingsgebiet


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling