FNP Fryslân
Earste Keamer - Nijs

FNP bliid mei Hindrik ten Hoeve yn Senaat

4 stimmen útbrocht yn #PSFryslan op kandidaat OSF

Hindrik ten Hoeve efteroer leunend lyts   

In ûnôfhinklike OSF-senator yn de Earste Keamer is tige wichtich foar de FNP. Dêrom is de partij bliid mei de útslach fan de ferkiezings foar de senaat.

 

Hindrik ten Hoeve

 

Reaksje? Mail hindrik.ten.hoeve@fnp.frl

 

Neffens de FNP fraksjefoarsitter yn de Steaten Corlienke de Jong is de Onafhankelijke Senaatsfractie in wichtich kanaal foar de regionale partijen om in echt ûnôfhinklik lûd hearre litte te kinnen tsjinoer de Haachske filiaalpartijen. It giet dêrby om it ynbringen fan eigen punten. Sa hat de FNP ferskate kearen fia de OSF skriftlike fragen oan it kabinet steld. De Jong: ‘Mar miskien noch wol wichtiger is dat jo troch mei de oare regionale partijen yn de senaatsfraksje op te arbeidzjen de ûnôfhinklike polityk sterker meitsje. It is nedich dat de regio's har fertsjintwurdige fiele troch leden dy't net oan in Haachske partij bûn binne.'

 

Ten Hoeve is bliid mei de ienriedige stim fan de regionale Steateleden dy't foar de OSF keazen hawwe. ‘De stipe fan de gedoochpartijen foar it kabinet yn de Earste Keamer is fuortfallen. Der sil no wer per wetsútstel besjoen wurde moatte oft it wurkber is foar it hiele lân. Dêrby kin ek besjoen wurde oft in wet wol goed útpakke sil foar regio's bûten de Rânestêd. Tink oan wetten dy't mei sprieding fan soarch, ûnderwiis, wurk en krimp te krijen hawwe. En dan kin de stim fan de OSF yn de senaat ynienen beskiedend wurde foar in mearderheid. Dat hat al in kear as wat it gefal west, en dat jout it wurk yn de Keamer in nije spannende politike diminsje.'


Oanhingsel(s):
Hindrik ten Hoeve


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling