FNP Fryslân
Earste Keamer - Nijs

OSF no wis fan sit yn Earste Keamer

Hindrik ten Hoeve kandidaat - Lokaal Brabant oansluten as nij lid

Lunteren 2 maaie 2015 - De lederied fan de Onafhankelijke SenaatsFractie (OSF) hat hjoed de partij Lokaal Brabant talitten as lid. Der lei ek in fersyk fan de Volkspartij Limburg om lid fan de OSF te wurden, mar de Lederied hat, op advys fan it bestjoer, yn meartal besletten om dit fersyk foarearst oan te hâlden. Foar dit beslút wie in wiidweidige diskusje benammen oer de posysje fan it steatelid Van Rey fan de Volkspartij Limburg. It die bliken dat der by ferskate partijen tefolle gefoelichheden wiene om de persoan fan Van Rey hinne.

 

Senaatssit
De OSF hat op it stuit mei har leden yn de ferskate provinsjes mear as 2.550 stimpunten, rom foldwaande foar in sit yn de Senaat. Kommende wike binne der noch petearen mei de partij Zeeland Lokaal dy't him ek oanslute wol by de OSF. Hindrik ten Hoeve is as listlûker foar de ferkiezings fan de Earste Keamer de meast wierskynlike gadingmakker foar de OSF Senaatssit.

 

Hindrik ten Hoeve wennet yn Stiens. Hy studearre ekonomy tusken 1963 en 1971 oan de Nederlandse Economische Hogeschool yn Rotterdam. Yn 1974 begûn Ten Hoeve syn beropslibben as learaar ekonomy en conrector oan de Kristlike Skoallemienskip Oostergo yn Dokkum. Fan 1988 oant 2008 wie hy dêr lid fan de Sintrale Direksje fan wat ûnderwilens it Dockinga College hjitte. Ten Hoeve waard yn 1975 ponghâlder by de Fryske Nasjonale Partij. Tusken 1976 en 1980 wie hy partijfoarsitter. Fan 1980 oant 1988 wie Ten Hoeve Steatelid foar de FNP yn de Steaten fan Fryslân. Yn 2003 waard Ten Hoeve mei foarkarstimmen keazen as OSF-senator. Yn 2007 waard hy op'e nij keazen.

 

Kees de Lange
De OSF fynt it tige spitich dat de hjoeddeistige OSF senator Kees de Lange juster mei syn beslút nei bûten kaam om net mear foar de OSF yn de Senaat sitte te wollen. Hy wol de lêste moanne fan syn amtsperioade op persoanlike titel dien meitsje. De reden omskriuwt hy sels as folget: "Ik ben niet bereid om als Senator vertegenwoordiger te zijn van Volkspartij Limburg, en de heer Van Rey, zelfs niet voor een enkele dag".

Mei it each op it beslút fan de Lederied fan de OSF is De Lange dus te betiid mei syn miening nei bûten kaam en soe hy hjir feitlik op werom komme moatte.

Onafhankelijke SenaatsFractie
De OSF is in platfoarm fan ûnôfhinklike provinsjale partijen. De partijen bliuwe autonoom en ûnôfhinklik, mar ek meielkoar ferbûn. De folgjende OSF leden wisten by de ferkiezings yn maart sitten yn Provinsjale Steaten te krijen:

De OSF is oprjochte op 22 maart 1999 en is sûnt dy tiid fertsjintwurdige yn de Earste Keamer. De OSF stiet foar it skeppen fan bettere betingsten foar it funksjonearjen fan Provinsjale Politike Groepearingen (PPG's) en de demokratisearing fan de politike kultuer en struktuer, it útdragen fan de gedachte dat it bestjoeren fan gemeenten en provinsjes bart troch ûnôfhinklike lokale en regionale politike groepearingen, en net troch ôfdielingen fan lannelike politike partijen.  

 

Foar de OSF is 'ûnôfhinklike polityk' it bestjoeren fan de oerheid troch minsken dy't net ferbûn binne oan de tradisjonele politike streamingen. Unôfhinklike polityk kiest der foar om eltse probleemstelling te beoardieljen út de minsklike mjitte wei en de beslútfoarming sa ticht mooglik by de boargers del te lizzen, ûnder it biedwurd "Decentraal en regionaal regeert beter!".

Bliuw ek op de hichte fan de ûntwikkelingen fan de ûnôfhinklike polityk.
Abonnearje dy no en krij Locomotie libbenslang fergees troch de bus.>


Oanhingsel(s):
OSF logo


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling