FNP Fryslân
Earste Keamer - Nijs

De OSF gedoogt net mar wol al dingen berikke

Hindrik ten Hoeve oer de OSF yn de Earste Keamer

Hindrik ten Hoeve efteroer leunend lyts

Der is gjin sprake fan blynwei gedogen of stypjen fan it kabinet. De OSF wol in keamersit op eigen krêft. Stipe troch de efterban fan regionale partijen. Wat is no echt de posysje fan de OSF yn de oanrin nei de ferkiezingen foar de Earste Keamer?   

Hindrik ten Hoeve

OSF kandidaat voor de Eerste Kamer

Reaksje? Mail hindrik.ten.hoeve@fnp.frl

     

It wol my net oan wêrom't senator Kees de Lange yn syn ynstjoerde stik fan moandei 30 maart yn De Volkskrant sa hûnsk en ûnwier útfalle moat nei syn eigen partij, de OSF, en ek nei my as kandidaat foar de Senaat.

Hûnsk binne de útspraken fan De Lange wat syn kwalifikaasjes fan de opstelling fan de OSF oangiet, en net krekt binne se foar suver alles wat hy as ûnderbouwing oanfiert.

Earst de feiten. De OSF kiest der foar it regear op syn dieden te beoardieljen. Wetjouwing dêr't wy ús yn fine kinne sil ús stipe krije, wetjouwing dêr't wy beswier tsjin hawwe sille wy tsjin stimme. Der sil dus gjin sprake fan wêze dat de OSF him foardocht as ‘gedoogpartij' dy't ree is en stypje blynwei de koälysje.

Mar fansels is it net sa dat de OSF allinnich nei de Senaat giet om syn stim ‘foar' of  ‘tsjin' út te bringen. Der binne ek wichtige saken dy't de provinsjale partijen beskreppe wolle en dêr't de OSF dus alle war foar dwaan sil. As hiel dúdlik foarbyld datoangeande haw ik de situaasje t'en oansjen fan de gaswinning neamd. De winning yn Grinslân giet troch yn in tempo dat noch hieltyd grutte risiko's opsmyt foar de befolking, yn de doarpen en ek yn de stêd Grins. De skeafergoedingen duorje lang, dupearren hawwe sels de bewiislêst dat de gaswinning skea opsmyt, en der ûntsteane hjir en dêr situaasjes dy't foar belutsenen folle slimmer binne as dat mei in goed ûnderboude skeafergoeding ea fergoede wurde sil. Dêr helpt mar ien ding: ECHT de feiligens foarop stelle.

It is mar in foarbyld, mar it is dúdlik dat de OSF hjiroer en oer noch wol mear, wier wol yn petear wol mei it regear. Dat makket ús net ta in ‘gedoogpartij', mar wol op beskate punten ta in peteargenoat dy't wat wichtichs te freegjen hat. Dat is gjin opportunisme mar in helder en earlik besykjen om belangrike dingen realisearre te krijen.

Fierder seit it himsels dat de stimmen fan de OSF net te keap binne, dat der gjin kontakten binne mei lanlike partijen om der stimmen by te keapjen of te ferkeapjen en dat de OSF der fan út giet dat hja mei de eigen efterban fan provinsjale partijen in keamersit hellet. Transparant! En mei die iene sit yn de Keamer sil de OSF besykje om sa goed mooglik de provinsjale partijen dy't hja fertsjintwurdiget, te helpen mei wat yn harren provinsjes wichtich is.

Kees de Lange sjit oer alle boegen mis, yn de feiten dy't hy neamt, en ek yn syn beoardielingen. Wêrom docht in ôfgeand Senator soks, freegje jo jin ôf....

Hindrik ten Hoeve,

OSF kandidaat foar de Earste Keamer


Oanhingsel(s):
Hindrik_ten_Hoeve_efteroer_leunend_21.jpg


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling