FNP Fryslân
Earste Keamer - Nijs

Lokalo's oan de macht ?

Gearwurking regionale en lokale partijen

Hindrik ten Hoeve efteroer leunend lyts     

Hindrik ten Hoeve, OSF-FNP kandidaat Earste Keamer 

 

Reaksje? Mail Hindrik.ten.Hoeve@fnp.frl

 

Dat heechlearde minsken as prof. Elzinga har weagje oan it útsprekken fan de ferwachting dat lokalo's straks miskien wol tsien sitten yn de Earste Keamer helje, dêr fernuverje ik my wol wat oer. By provinsjale ferkiezings is oant no ta noch noait massaal op provinsjale partijen of op gearwurkjende lokalo's stimd. Utsein yn Fryslân fansels, dêr't de FNP al sûnt jier en dei in moai part fan de stimmen kriget.

Mar dat yn it LC kommintaar "Macht uit ongenoegen" fan 7 febrewaris ferûndersteld wurdt dat regionale partijen meiinoar grif net oars as ferdieldheid sjen litte kinne, dat fernuvert my einliks noch mear. Dêrby wurdt dan de OSF neamd, dêr't de FNP ek by heart, en dy't al sûnt 1999 in sit yn de Earste Keamer hat.

 

Om mar hiel dúdlik te wêzen: ik ha sels fan 2003 oant 2011 foar de OSF dy senatorsit ynnimme mocht en dat hat noait yntern problemen jûn. Myn ûnderfining fan acht jier senatorskip is dat de partijen út de ferskate provinsjes en gemeenten in soad mienskiplik ha en ek wol kompromissen witte te sluten as der ris ferskillen binne yn it tinken.

 

It moaiste (of slimste?) foarbyld fan ferskillen yn tinken is yndied dat wat yn it kommintaar neamd wurdt: de Partij voor het Noorden dy't de trije noardlike provinsjes by elkoar ha wol yn ien "lânsdiel", en de FNP dy't har krekt fûleindich ynset foar Fryslân as aparte provinsje. In dúdlike tsjinstelling fansels, mar yn de praktyk hat ek dit noch noait problemen oplevere, want beide partijen wolle mear sels te sizzen ha, hoe dan ek, en minder troch Den Haag foarskreaun krije. It drama mei de gaswinning (en mei de winning fan delfstoffen yn it algemien) toant it gelyk fan beide partijen oan. Den Haag handelt as besitter fan wat der yn de grûn sit, mar fielt him net genôch ferantwurdlik foar de minsken dy't boppe de grûn feilich wenje wolle.

 

Wat FNP en PvhN neistribje is ek it stribjen fan alle oare partijen yn de OSF en nei alle gedachten ek fan de nije partijen fan "lokalo's" dy't op't heden rûnom ûntsteane. Mear sels te sizzen ha wolle yn je eigen regio, op je eigen manier, en mei eigen jild. Net mear alle jild nei Den Haag en dan mar ôfwachtsje wat der werom komt en ûnder wat foar betingsten. Dat is net hebberich, mar it is needsaaklik om yn de provinsjes (en gemeenten) in eigen selsstannige polityk fiere te kinnen. En tink der om: it slút solidariteit, ek finansjeel, net út, net binnen Fryslân, net yn Nederlân en net yn Europa!

 

Tsien sitten yn de Earste Keamer foar de OSF of de nije provinsjale lokalo's dat sjoch ik noch net hielendal wurden, mar dat der in goede kâns is op in oantal sitten dat leau ik grif. Spul tusken FNP en PvhN sil dêr net fan komme. Trouwens, de PvhN wurdt yn har programma ek al wat langer wat mear gewoan de partij foar Grinslân dy't noardlike gearwurking belangryk fynt. En dat is wat my oanbelanget in prima basis foar de OSF. Dêr kinne al dy oare ûnôfhinklike partijen yn al dy oare provinsjes wol by oanheakje.

 

 

 

Dit artikel is ek publisearre as Te Gast yn de Ljouwerter Krante fan 13 febrewaris 2015



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling